Home Actueel Actueel 2005 Thúsbring Service

(Uit: 'De Rabbelskûte' , dorpskrant van Garyp, 8ste Jaargang Nr.4, 22 april 2005)

Thúsbring Service alternatyf foar opheven buslinen

Op 9 jannewaris is de nije bustsjinstregeling fan NoordNed yngien. Troch Ryksbesunigings ferfalle in soad busritten, foaral yn de jûnsoeren en de wykeinen. Foaral de berikberens fan rom 80 lytse doarpen hat te lijen ûnder besunigings. De provinsje Fryslân hat NoordNed frege om mei in oplossing te kommen foar dy doarpen. Mei de ThúsbringService hopet de ferfiermaatskippij in reedlik alternatyf biede te kinnen.

De ThúsbringService is Iepenbier ferfier mei in taksy. De ThúsbringService rydt jûns nei doarpen, dêr’t nei ynfiering fan de nije tsjinstregeling gjin bus mear rydt. Reizgers kinne fan dy doarpen út nei in knooppunt reizgje, dêr’t sy fierder kinne mei it iepenbier ferfier. En in reizger kin fan in knooppunt út nei ien fan dy doarpen reizgje, mei de ThúsbringService.

Mear ynformaasje oer de ThúsbringService is te finen op www.noordned.com

Feriening Lytse Doarpen

(Uit: 'De Rabbelskûte' , dorpskrant van Garyp, 8ste Jaargang Nr.4, 22 april 2005)

totop
 

Iepenloft Stik

Stifting Kultureel Garyp is dwaande mei it organisearjen fan in iepenloft stik.
Wimpie de Vries út Aldegea is de skriuwer.
It stik hat de titel 'Nea Wer Earm' en sil opfierd wurde yn 'e maitiid fan it jier 2013.

Bestjûr St Kult Garyp.


Zoeken

Vakantiejan in Centraal Europa

Bratislava-sm

 

http://picasaweb.google.com/vakantiejan

Het hart van (Centraal)Europa wordt gevormd door landen die stuk voor stuk hun eigen, vaak eeuwenoude geschiedenis kennen, hetgeen vooral zichtbaar is in de prachtige oude binnensteden. Ontdek de verschillende culturele en natuurlijke hoogtepunten van deze ontluikende naties via onderstaande link.

Veel kijkplezier toegewenst.

De vakantiejan (de boer)