(Uit: 'De Rabbelskûte' , dorpskrant van Garyp, 7de Jaargang Nr.6, 20 augustus 2004)

Nieuws van de vereniging dorpsbelang

Locatie Wijmenga.
U hebt allen in de krant kunnen lezen dat de gemeenteraad heeft ingestemd met de aanpassing van het plan. De bezwaarmakers hebben hun situatie toegelicht en hebben betoogd dat er meer parkeerplaatsen nodig zijn in het centrum van het dorp. Hiervoor zijn de twee geplande vrijstaande woningen geschrapt. De raad accepteert de financiële lasten die hierdoor ontstaan. Anders gezegd: de huurprijzen voor de seniorenwoningen worden hiervoor niet extra belast.
Er zal nu een pleintje met ca. twintig parkeerplaatsen worden gerealiseerd. Dorpsbelang heeft inmiddels contact opgenomen met de gemeente om in samenspraak met de gemeente en met de omwonenden die ruimte in te vullen.
Door de politieke partijen werd met name de afweging gemaakt om nu het nog kan een goede keuze te maken voor meer ruimte. Als er eenmaal gebouwd zou zijn, dan is de situatie voor de eerste 50 jaar vastgelegd. Uit stedenbouwkundig oogpunt zijn beide kavels vrijgemaakt, zodat het idee van een dorpsplein vorm kan krijgen.
In het verleden zijn ook al opmerkingen gemaakt over de forse gevelwand. Door een plein te creëren ontstaat er onderbreking in die wand en dat geeft meer openheid. De eerste indruk is dat het totaalbeeld er fraaier door wordt en dat komt het dorp ten goede.

Egbert Hadderingh

Vernieuwen Fietspad

De noodzakelijkheid tot het herstellen van het fietspad Garyp-Sumar is thans doorgedrongen bij de uitvoerende overheid, te weten de Provincie. Een vasthoudend contact hierover door Dorpsbelang met de Provincie en de gemeente Tytsjerksteradiel heeft bewerkstelligd dat de feitelijke uitvoering van een nieuw fietspad, bij monde van de heer Visser van de Provincie, kort na de bouwvak zal worden opgestart. De Provincie heeft aangegeven dat in het onderhoudsprogramma voor dit project voor een asfaltverharding is gekozen. Een keuze welk een iedereen die het fietspad met regelmaat gebruikt zal kunnen onderstrepen. Het Dorpsbelang zal, gezien de huidige miserabele en onveilige toestand van het fietspad, een vinger aan de pols houden dat de gedane toezegging van de Provincie wordt waargemaakt.

3VO

3VO betekent Verenigde Verkeers Veiligheids Organisatie. Ondersteuning door 3VO betekent een meldpunt voor Verkeersonveiligheid, het opstarten van Verkeersveiligheidsprojecten en het geven van Verkeerstechnisch advies. Tevens kan een (zelf) verkeersonderzoek door 3VO worden opgestart waarbij gedacht moet worden aan het doen van snelheidsmetingen in een dorp, intensiteitstellingen, het doen van enquêtes, procedurele ondersteuning etc. Ook kan ingespeeld worden op de verkeers(on)veiligheid met 'De Verkeerskar' in het lager onderwijs met o.a. spelmateriaal en lesmethodieken. Deze club enthousiaste mensen is recentelijk door enige leden van Dorpsbelang op een thema avond bezocht. Het thema betrof de algemene aanpak van verkeersonveiligheid in een dorp. Vaak wordt deze door de weggebruiker (en dat zijn wij in principe allemaal) zelf gecreëerd. De overheid speelt echter als wegbeheerder hierin ook een grote rol (zie bovenstaande). Ook kan gedacht worden of bv. de weginrichting wel is afgestemd op de auto, de belemmeringen voor kwetsbare weggebruikers etc. De Overheid is en blijft echter verantwoordelijk voor de veiligheid en mobiliteit van iedereen.Ook kan Dorpsbelang een positie en rol bij de aanpak van verkeersonveiligheid in een dorp vervullen. Vooreerst heeft Dorpsbelang in juli een vertegenwoordiger van 3VO uitgenodigd om een aantal veiligheidsaspecten in Garyp onder de loep te nemen. Dat dit, na de bijna gerealiseerde dorpsvernieuwing, geschiedt behoeft geen probleem te zijn. U zult op de hoogte worden gehouden van de uitkomsten van de onderzoeken door 3VO in ons dorp.

Jurjen Postma.

Inialoane
Naar aanleiding van vragen van bewoners van Garyp heeft de gemeente de volgende beschouwing gegeven over de situatie op de Inialoane.

Nei in petear mei tarieders fan de plannen oar de doarpsfernijing is nochris dúdlik nei foaren kaam, dat foar de Inialoane in bewuste kar makke is om it dwersprofyl te feroarjen. De Inialoane wie in wat kleurleaze dyk, mei in betreklik brede rydbaan. Foar it trochgeande (auto)ferkear wie de dyk wol goed tagonklik, mar foar de leefberens en de faasjebeheining fan 30 km/oere, sa’t wy dit jier ynfiere wolle, wie it nedich om de dyk te feroarjen. Der is bewust foar keazen foar it fersmeljen fan de rydbaan. Alle ferkear moat him ôfwikkelje op de rydbaan. Byneed kinne auto’s gebrûk meitsje fan de kantstrook. It seit himsels dat as jo soks oanlizze, dat jo dan de rydbaan ek dúdlik markeare moatte. De goatte moat dan net allinnich goate lykje, mar dat ek wêze.

Ek is der sprutsen oer in hinderlike situaasje foar automobilisten en sels gefaarlike tastannen foar fytsers, dy’t rjochting it doarp geane. De fytsers soene dan geregeld oer de goatte útwike moatte ne de kantstrook, as harren in auto yn ’e mjitte komt. Neffens ús soe it krekt oarsom wêze moatte. De fytsers hoege net út te wiken foar de auto, mar de auto moat him yn sa’n situaasje oanpasse oan de fytsers. Auto’s dy’t de fytsers yn de mjitte komme of efterop komme, sille yn dat gefal gewoan wachtsje moatte op de fytser en dêrnei om de parkeare auto hinne. Yn guon gefallen sille auto’s ek wolris útwike moatte nei de rabatstrook, mar dat mei gjin probleem wêze. Dat der soms wat hinder foar automobilisten wêze sil, is ek de bedoeling fan it keazen dyksprofyl. Krekt dy hinder soarget derfoar dat der stadiger riden wurdt.

Fansels mei ien en oar net liede ta oerlêst of in minne tagonklikheid foar bern, âlderein of beheinden. Dy groep wat kwetsberder ferkearsdielnimmers hat by de doarpsfernijingsplannen neffens ús perfoarst wol omtinken hân. It trottoir is sels in tegel breder makke, sadat minsken mei rollators, berneweinen ensfh. yn alle gefallen oan ien kant fan de dyk foldwaande romte en in flakke tegelbefluorring hawwe. It feit dat ienris yn ’e wike it trottoir ôfsletten wurdt troch de ôffalkonteners soe oplost wurde kinne troch de konteners op de kantbefluorring oan te bieden.

Dan noch inkelde opmerkings by mooglike oplossingsmooglikheden:
1. Werom nei it âlde dwersprofyl:
Bûten dat soks in grutte kaptaalferneatiging wêze soe, soene der dan in hiel soad drompels of oare rarichheden makke wurde moatte om oan it 30 km-rezjym foldwaan te kinnen. En sûnder mis dat dêr dan wer guon op tsjin binne. It liket ù dan ek net ferstannich om op dit stuit op de keazen konstruksje werom te kommen.
2. Goatte flauwer en sêft gloaiend ùtiere:
Dat is in prinsipieel foute tinkwize. Der wurdt dan in konstruksje makke, dy’t minsken sels de kar lit om de kantstrook al as net by de rydbaan te belûken. Guon fytsers soene dan makliker kieze om foar de auto’s út te wiken, wylst oaren harren plakje op de rydbaan gewoan opeaskjen bliuwe. De automobilist moat dus gokke wat de fytser docht. Dizze ûnwisse situaasje moat neffens ús perfoarst net mooglik makke wurde.
3. Parkearferbod oan westside, dus inkeld parkearre op kantstrook:
Op himsels is it net raar it parkearen safolle mooglik op dy kant te konsintrearjen, mar it soe neffens ús net goed wêze dat der allinnich mar op dy kant parkeard wurdt. Soks jout de auto rom baan op de oare kant en dan wurdt der wer te hurd riden. Boppedat past it eins net yn it 30 km-rezjym om parkearferboden yn te stellen. It soe it moaist wêze, as it parkearen op de kantbefluorring op frijwillige basis gean soe. Op plakken dêr’t der romte foar is soe inkeld in auto oan de oare kant parkeard wurde kinne, bygelyks om de 100 meter, sadat de trochgong ûnderbrutsen liket. Faaks dat de buert hjir sels ris oer neitinke kin.

Ta beslút hawwe wy ús opsichters sjen litten nei de goatten fan de Inialoane. De konklúzje is algemien dat dêr net safolle mis mei is. Wol is op in pear plakken de klik fan de rabatstrook noch net delriden of sakke. Dat sil nei alle gedachten de kommende tiid noch wol barre en oars is soks noch gjin ramp. Wy binne fan betinken dat it de baas is en lit de problematyk efkes wat besakje. De ferskillende ferkearsdielnimmers moatte mei-inoar besykje in nij lykwicht te finen op de Inialoane, dat mear rjocht is op de leefberens en minder op de trochstreaming.

Ut namme fan boargemaster en wethâlders fan Tytsjerksteradiel
It haad fan de ôfdieling Planûntwikkeling en Fêstgoed

M. Verbeek

(Uit: 'De Rabbelskûte' , dorpskrant van Garyp, 7de Jaargang Nr.6, 20 augustus 2004)

totop
Rabskute.JPG

 'De Rabbelskûte' 22e jaargang nr. 5 van 12 juli 2019 is uit. De Garipersite heeft weer enkele artikelen voor u overgenomen.

De volgende Rabbelskûte verschijnt op 13 september 2019.
Kopij inleveren uiterlijk vrijdag 6 september om 19:00 uur bij Anne Albada, Feanhústerpaad 12, 9263 RN in Garyp.
Zo mogelijk via het e-mailadres van de dorpskrant derabbelskute@gmail.com

Collecterooster 2019

  • 02-09 t/m 08-09 KWF Kankerbestrijding
  • 09-09 t/m 15-09 Prinses Beatrix Spierfonds
  • 16-09 t/m 22-09 Nierstichting