Skip to main content

(Uit: 'De Rabbelskûte' , dorpskrant van Garyp, 8ste Jaargang Nr.3, 18 februari 2005)

Markante Garipers

Dominee Minnema, in man mei gesach.

De measte Garipers witte dat hjir yn it doarp in Ds. Minnemawei is. Benammen de minsken dy ’t dêr wenje sil harren grif wol ris ôffrege hawwe wa ’t dat no eins wie, die dominee Minnema.
De âlderen ûnder ús fan Gariper komôf sille him grif noch herinnerje as in strang man, in swarte hoed op, in sikje, swart yn it pak en faak rûn er mei in kuierstôk troch de buorren.
Mannen dy’t him tsjinkamen namen fatsoenlik de pet ôf en groeten him. As jo him as jonge tsjin kamen gongen jo leaust in oare kant út, “want”, seit Oebele Smedes, “wy wiene foar him banger as foar de plysje”. En dat sei yn dy tiid wol wat, doe’t de dominee, de dokter, de plysje en it haad fan de skoalle noch yn tige heech oansjen wienen en de measten benammen foar de plysje deabenaud wiene.
Ds.MinnemaMar ek de âlderein hie it faak neat te rûm as dominee Minnema wat syn harren sei. Hy koe harren faak ûngewosken de wierheid sizze. Mei syn gleone brune eagen en strange blik seach er dwers troch jin hinne. Hy wist alles fan jo en jo koene neat foar him ferbergje. Yn Garyp gong doedestiids ek it sechje fan: “Als Efraïm sprak, dan beefde men”.
Net alinne minsken mar ek hûnen wiene bang foar syn strange blik. Neffens Liesbeth Pander naaide sels de lulkste hûn út mei de sturt tusken de poaten as dominee Minnema mei syn strange oanblik it paadsje oprinnen kaam.
Hoewol’t Minnema in Fries fan komôf wie soe der yn syn funksje as dominee nea Frysk prate. Hy prate leaver Hollânsk, ek op hûsbesite, want hy fûn dat dy taal him in bepaalde status joech.

Dominee Klaas Minnema waard op 24 july 1882 berne yn Peazens. Fan 1909 oant 1911 wie er dominee yn Eastersee. Yn 1911 waard er beroppen yn Garyp, dêr’t er oant 1939 stien hat en yn dat jier stoarn is oan kielkanker. Yn de 28 jier dat er yn Garyp stien hat, hat er in grut stimpel op ús doarp drukt. Dat jilde foaral foar de grifformearden. Jo moatte betinke dat doedestiids sa’n 75 persint fan it doarp grifformeard wie en de rest wie by de herfoarme tsjerke. Der wiene gjin oare geloven en der wiene mar in pear hûshâldings, dy’t net nei tsjerke gyngen. Dy stjoerden harren bern nei Sumar nei skoalle mar de oare bern gongen allegearre hjirre nei skoalle. De skoalle wie ek hast it ienichste plak dêr’t grifformearden en herfoarmen kontakt mei-inoar hiene. Tsjerklik wie der yn els gefal gjin offisjeel kontakt. Sa hie dominee Minnema yn dy tiid ek gjin kontakt mei de herfoarme dominees. Yn it deistich libben wiene de grifformearden en de herfoarmen ek twa groepen, dy’t elk har eigen yn stân hâlde. De measte grifformearden kochten by de grifformearde winkelman, de slachter en de bakker. Herfoarmen diene lyk sa.

Wat de lear fan de bibel oangyng wie allinne de ynterpretaasje fan dominee Minnema de goeie. Net ien dwarste it tsjin him yn te lizzen. Hy koe ek fûleindich preekje en de minsken oertsjûge. Hy bemuoide him net te bot mei it ferieningslibben en it partikuliere libben, útsein as de tsjerklike lear der mei yn konflikt kaam. Sa wie it foar de oarloch net wenst dat de molke op snein levere waard oan it fabryk. Mar it barde te faak yn de simmer dat de molke sneins soer waard en op moandei net mear levere wurde koe. Boeren oan it wetter setten sneins harren molke yn bussen yn ‘e sleat. Oaren geaten altemets kâld wetter út de reinwetterbak oer de bussen, mar hja koene net foarkomme dat de molke dochs noch ferkeard waard. Hieltyd mear boeren woenen sneins de molkfabryk ek iepen ha, lykas op oare plakken ek al barde. Dit late ta in útstel op de ledegearkomste fan de molkfabryk om sneins molke te leverjen. Doe’t dominee Minnema dit te hearren krige wie de wrâld te lyts. De sneins dêrop kaam er mei in donderpreek, wêryn’t er it sneins molke leveren op de hispel naam. Strang spruts hy de boeren yn ‘e tsjerke ta: ”Op de dag des oordeels zullen de koeien tegen u getuigen!” It sneins molke leverjen wie foarearst wer fan de baan, mar doe’t dominee Minnema yn 1939 stoar is it gau dêrnei dochs ynfierd.
Mar der wiene mear eksessen wat de snein oanbelanget. Sa hiene guon boeren op It Sker en Sigerswâld sneins de hoanne by de piken wei. Stel je ris foar dat dy hoanne sneins yn aksje kaam; dat soe Minnema grif net goed fine.
In oare saak dêr’t Minnema him mei bemoeid hat is de hûnesteech. Dat wie my dochs gjin namme. Dominee Minnema hat der efter oan west en foar soarge dat de steech “De Singel” kaam te hieten. (Sjoch ek it ferhaal fan Adolf Dykstra, Rabbelskûte 15 oktober 2004).Pastorie Geref.Kerk

Dominee Minnema wie bekend om syn preekjen. Sa herinnert Tæde Smedes him noch in preek oer de rjochte wei, dy’t jo gean moasten. Jo koene der fan ôfwike, jo koene oer de sleat springe. Mar jo moasten wol werom springe oer dyselde sleat om werom op de rjochte wei te kommen. En hoefaak as skoaljonge wiene jo net alris oer de sleat sprongen? Soks bliuwt jin by.
Dominee kaam grif ienris yn ‘t jier by elke hûshâlding op hûsbesite. Sneins op de preekstoel waard ôflêzen wannear’t hy by wa kaam. Dat koe ek wol midden oerdei wêze as jo oan it wurk wiene. Jo koene mar sjen dat jo dan op tiid thús wiene en op ‘e tiid ferklaaid yn ‘e hûs sieten om dominee syn komst op te wachtsjen.

Dominee Minnema wie foaral ek in studearjend dominee; hy hie dan ek kasten fol mei boeken. Hoewol’t hy faak in berop kriich nei oare plakken sloech hy alle beroppen ôf en bliuw Garyp 28 jier trou. Sa hat er ek alris in berop nei Antwerpen ôfslein. Hy stie ek provinsjaal en lanlik faak op de foargrûn. Sa waard hy troch de provinsjale synoade ôffurdige nei de Generale Synoade te Arnhem.
Dominee Minnema en de frou krigen ien dochter; Tjitske. Hja neamden har faak Tittie. Hja wennen doedestiids yn de âlde grifformearde pastorij neist de âlde grifformearde tsjerke. (Sjoch foto). Yn syn tiid wie der noch groei yn ‘e tsjerke, dy’t dan ek in kear as wat ferboud is. Yn 1932 lei Minnema de earste stien foar de útwreiding fan dy tsjerke. De tsjerke is lykwols om 1960 hinne ôfbrutsen wêrnei’t de hjoeddeiske Andreastsjerke bout is. Dochter Tjitske is letter troud mei Jouke Hoekstra, dy’t ek dominee waard. Hy wie de omke fan Jouke Hoekstra, dy’t no noch op de Westerein buorket.

Yn it foarjier fan 1939 fierde dominee Minnema syn tritich-jierrich jubileum. Hy wie doe al slim siik en koe, trochdat hy oan kielkanker litte, al net mear preekje. De Burgumer krante skriuw op 14 maart 1939: “Voortdurende ongesteldheid dwingt de jubilaris reeds geruime tijd tot rust”. Op 21 april 1939 kaam dominee Minnema op 56-jierige leeftyd te ferstjerren nei in dreech siikbêd. Hy is hjir op it tsjerkhôf begroeven. By syn begraffenis stie heal Garyp oan de kant fan de wei mei de pet yn ‘e hân. In soad minsken hiene yn dy tiid in foto fan him op de skoarstienmantel stean. Troch guon waard hy fereare as in God. De Burgumer krante skriuwt nei syn ferstjerren: “heden is van ons heengegaan een vurige prediker met buitengewone kanselgaven.”.
Nei de oarloch is de ús bekende strjitte nei him ferneamd: Dominee Minnemawei.

Gjalt Faber
Ynfo: Tæde en Froukje Smedes
Oebele en Alie Smedes
Foto’s: Alie Smedes en Liesbeth Pander

(Uit: 'De Rabbelskûte' , dorpskrant van Garyp, 8ste Jaargang Nr.3, 18 februari 2005)

totop