(Uit: 'De Rabbelskûte' , dorpskrant van Garyp, 7de Jaargang Nr.5, 28 mei 2004)

Markante Garipers

It singeliere libben fan Griet 'Woartelpot'

In pear jier lyn is yn Garyp in hiele bysûndere frou ferstoarn. It giet om Griet Veenstra, better bekend as Griet 'Woartelpot'. Griet wie, om samar te sizzen, ien fan de lêsten fan in generaasje heidefolk, dy 't no alhiel útstoarn is. Yn Griet har tiid hie els wol in bynamme. Einliks kaam Griet út de famylje 'wrantelpotten', dat is sokssawat as eamelpotten. Har heit, Jan Veenstra, kaam doedestiids fan 'e Koaten, by Koatstertille, mar doe 't de wrantelpotten har by it betonbrechje oan 'e ein fan de Iniaheide (no Aldegeasterdyk) te wenjen setten, neamden de Garipers harren steefêst 'woartelpot'. De measten wisten net iens dat Griet har Efternamme Veenstra wie, want elts neamde hat 'woartelpot'.

Griet VeenstraIt libben fan Griet wie tige singelier. Hja is berne op 4 july 1907 op 'e Iniaheide en ferstoarn op 10 jannewaris 2000 op 'e Ielke Boanstraloane. Griet sels wist noait krekt hoe âld as hja wie.

De libbensomstannichheden op 'e heide wiene doedestiids yn har jeugd frij barbaarsk. As bern wie Griet alhielendal ferwaarloaze; hja koe pas mei seis jier rinne.Griet har heit wie foar de twadde kear troud en de trije bern út it earste houlik wiene de doar al út. Ut it twadde houlik kamen trije bern; Ymkje, Geart en Griet. Mei Ymkje koe Griet it min fine, mar mei Geart des te better. Griet gyng as famke nei Aldegea nei skoalle, want fanôf it betonbrechje wie dat tichterby. Faak kaam hja sûnder iten op skoalle, want iten wie der net altyd.

Griet har heit wie earst mûndersfeint, mar doe 't er troch sykte dat swiere wurk net mear dwaan koe moast er wat oars en joech him út foar feedokter. Hy hie in boek mei allegearre feesykten en hy joech de boeren op syn manier advys hoe 't hja mei de sykten oanmoasten.

Doe 't Griet har heit stoar en frou mei trije berntsjes efter liet, wiene der foar Trien de Jong, de mem fan Griet, gjin útkearing of sosjale fersjennings. It raasde oan 'e protters hoe 't hja doe troch de tiid komme moasten en eltse sint wurde wol trije kear omdraaid. Der siet foar har mem net folle oars op dan mei Griet oan 'e hân by de minsken del te skoaien.

Ymkje en Geart gyngen al gau eftich de doar út en trouden. Griet en har mem kamen te wenjen yn ien fan 'e trije húskes fan de diakonij, dy 't stien hawwe op it parkearterrein neist Ate Wymenga. Doe 't har mem stoar bliuw Griet oer. Der wiene ek net in soad kapers op de kust om mei har te trouwen. Faken hat har ûnsjoch úterlik har ek parten spile. Hja hie nammentlik in eachôfwiking (ekstereach) en in min gebit. Guon bern seinen letter ek wolris dat hja in heks wie, benammen doe 't hja âlder waard en op 'r lêst mar ien tosk mear hie. Dochs hat Griet yn har jonge jierren noch wol wurke, sa as yn 'It Read Hert' yn Burgum en by 'Moeke Pruis' op de Kaden yn Drachten. Hja mocht fanwege har ferskining lykwols net betsjinje, mar wie almeast foar it swiere wurk, sa as skrobje en bjinne. Broer Geart kaam noch wol gauris op besite, mar dêr kaam in raar ein oan, doe 't er yn Ljouwert ferûngelokke ûnder in frachtwein. Hy wie sa tatakele dat Griet der hinne moast te identifisearjen. In soan fan Geart kaam doe noch wol gauris by Griet. Hy koe it mar net ferkropje dat syn heit wei wie en hat him op it lêst foar de trein smiten.

Griet VeenstraLetter barde der wer wat slims; de trije húskes fan de diakonij rekken yn 'e brân. Der is noch in foto dat Griet mei har húsrie yn it gers stiet by it baarnende hûs. Der moast ek wer nij ûnderdak komme en Griet ferhúze nei in wentsje op Sumarreheide.

Op Sumarreheide is Griet wer oplibbe. Hja wie al sa'n 47 jier doe 't hja gedoente kriich mei Ljibbe de Vries. Ljibbe hie in net ûnaardich baantsje by de provinsje en tegearre koene hja it noch in skoftsje skoan ha. Hja kochten in húske op de langstlibbene op de Ielke Boanstraloane yn 'e bocht tsjinoer pikebedriuw Klein. (doedestiids Jan Eisses). Ljibbe en Griet wiene op ien punt de tiid fier foarút, want hja wennen al rûn 1954 tegeare sûnder te trouwen. Húzje of hokje neamde men dat doe. Doe 't Ljibbe yn 1991 stoar hat Griet der noch ta har lêst yn 2000 wenne, útsein de tiid dat hja yn Berchhiem siet.

 

Hoewol 't Ljibbe in ridlike baan hie en mei 62 jier mei pensjoen gong en Ljibbe en Griet letter beide AOW krigen, bliuwen hja sunich want hja wiene net wend jild út te jaan. Der is ek nea ûnderhâld dien oan it húske en hja gyngen net mei de tiid mei. Sa wie bygelyks de foardoar sa fersakke dat dy net mear iepen koe. As der immen op besite kaam en de troch de efterdoar fuort gong kaam Griet noch efkes by de foardoar. Troch in lûkje yn de foardoar wiuwde hja de besite út.

De matte yn 'e efterkeamer wie alhiel fersliten en siet fol gatten. Griet lei matsjes oer de gatten, sa 't jo de gatten net seagen. Sei immen fan "Griet, wy kinne hjir wol stroffelje" dan sei hja "mar ik wit krekt wêr't de gatten sitte". Griet hie yn har hûs mar ien kraan, in kâltwetterkraan yn it kokentsje, dy 't hja sa min mooglik brûkte, want hja wie och sa sunich. Hja hiene ek oan 'e ein ta (2000) alinne mar in húske op 'e tún.

Griet en LjibbeOan Jan Eisses hiene hja lokkich goede buorlju. Griet gong alle moarnen nei frou Eisses om ierappels te skilen en Ljibbe die wolris in hantaast yn 'e tún. Eisses en de frou seagen it spul by Ljibbe Griet wat troch it gat en skewielden har mei fan alles en noch wat.

Mar hokker minske wie Griet no einliks? Griet wie wol in tige ynname, hertlike en opteine frou. Hja koe ek wol gol út de hoeke komme, bygelyks as der kollektearre waard foar handikapten. Hja wie altyd gek op bern en stie faak mei snobbersguod klear. Hja woe de bern dan graach efkes oanhelje, in krûpke jaan en in lyts tútsje. Dat die hja winliken by manlju ek. As de winkelman as bakker kamen joech hja harren ek steefêst in krûpke en in tútsje as hja it rêde koe. Ien bakkersfeint hie der sa'n glûpenste hekel oan, dat er altyd soarge dat syn bakfyts tusken Griet en him stie. Ek de bern hiene it net sa op Griet har tútsjes stean. Hja fûn it ek altyd moai om mei in lytse poppe op de foto. Miskien hat hja it wol mist dat sy sels gjin bern krige. Hja wie ek sljocht op fûgels. Sa hie hja in klyster, dat as hja om it hûs kuiere de klyster mei har mei fleach. As hja fuort gong bliuw de klyster op de hekjepeal sitten te wachtsjen.

Griet wie harsels en bekroade har net om in oar. Hja koe har sa foar it finster útklaaie, sadat de buorlju in fergeze striptease hiene.

Griet hat in grutte slúf mei foto's achterlitten, dêr 't noch in soart Garipers op steane. De âldste foto's binnen fanôf 1905. Dat hja fan dy tiid al foto's hat, hat te krijen mei it feit dat har heit kammeraat wie mei de heit fan Douwe Franke út Earnewâld, dy 't ien fan de earste fotograven út de omkriten wie. Der binne ek in soart foto's fan feesten sa as doarpsfeesten yn Garyp en Burgum en feesten op 'e Harste, want Griet wie och sa'n feestnûmer.

Griet wie bertelid fan de Herfoarme tsjerke mar kaam dêr eins nea. Dochs is hja noch doopt doe 't hja sawat njoggentich jier wie troch dûmny Teije Osinga yn har eigen hûske. Griet wie der och sa wiis op dat hja dochs noch doopt is, mar om soks yn it iepenbier yn 'e tsjerke te dwaan wie foar har net weilein.

Griet is sober berne, hat altyd sober libbe en is ek wer sober stoarn. Yn har jeugd wie der faak gjin iten en drinken, mar ek letter die hja nea wat bûtenwenstichs. Hja dronk almeasten kâld wetter yn stee fan kofje of tee. Hja holde lykwols wol fan ierpels mei fet. Doe 't yn har lêste jierren 'tafeltje-dek-je' it iten brocht moast hja ek neat ha fan dat nijmoadrige iten lykas Sinees en makaroany. Mar ierpels mei fan die frjemde sjú fûn hja ek neat en sy skreau in briefke oan 'e kok: "kook, nu eens echte jus, water hebben we thuis wel".

Doe 't Griet stoarn wie trof de famylje hiel wat oan. De foarkeamer wie sa damp dat de hiele flier krûm wie. Hja hie in bedstee fol gerdinen en klean dy 't hja sparre hie. It hûs siet fol spinreagen en op 'e solder fûnen hja doazen fol panties, lege pakken Vim en Persil. Mar der wie ek in doaze fol lipkes fan bôlepûden; Griet koe soks net fuortdwaan en bewarre alles. Mar der kamen ek noch sân âlde klokken foar it ljocht, sa as koekoeksklokken, wierskynlik noch erfguod fan Ljibbe. Mar op har bankrekken wie noch wol sa folle jild dat hja der in nije bungalow fan bouwe kinnen hie.

Hoe wie it mooglik dat in earm famke dat op har seisde pas rinne koe, dochs noch 93 jier waard? En hoe wie it mooglik dat in earm minske dat altyd sober libbe hie sa ryk stoar?

It antwurd leit beskûle yn it singeliere libben fan Griet Woartelpot.

Tekst: Gjalt Faber
Ynfo: Jan Veenstra, Drachten (neef Griet) en oaren

(Uit: 'De Rabbelskûte' , dorpskrant van Garyp, 7de Jaargang Nr.5, 28 mei 2004)Markante Garipers

totop
Rabskute.JPG

 'De Rabbelskûte' 22e jaargang nr. 5 van 12 juli 2019 is uit. De Garipersite heeft weer enkele artikelen voor u overgenomen.

De volgende Rabbelskûte verschijnt op 13 september 2019.
Kopij inleveren uiterlijk vrijdag 6 september om 19:00 uur bij Anne Albada, Feanhústerpaad 12, 9263 RN in Garyp.
Zo mogelijk via het e-mailadres van de dorpskrant derabbelskute@gmail.com

Collecterooster 2019

  • 02-09 t/m 08-09 KWF Kankerbestrijding
  • 09-09 t/m 15-09 Prinses Beatrix Spierfonds
  • 16-09 t/m 22-09 Nierstichting