Uit: Friesland Post, maart 2002

Gebroeders Hoekstra - Garyp

'Wat net mei, dat fine wy it moaiste'

Berend
Berend
 Jappie
Jappy
 Jouke
Jouke

Er waren eens drie boerenzonen in Garyp: Berend, Jouke en Jappy Hoekstra. Er was maar één boerenbedrijf over te nemen terwijl ze alledrie in hart en nieren boer waren. Jouke werd de gelukkige, hij kwam op de boerderij want hij was getrouwd terwijl Berend en Jappy vrijgezel bleven. Berend en Jappy trokken bij elkaar in en kochten samen wat 'hokkeboel en bisteguod'. En zo boeren de drie broers vandaag de dag nog. 'De buorkerij is ús libben, wy wolle nea wer oars!' Een verfrissend geluid in deze tijd waarin het boerenbestaan niet altijd even simpel is, bovendien maken de Gariper boeren het zichzelf ook niet gemakkelijk, maar ach, met 'in fleurich praatsje' of 'in frjemde frats' op zijn tijd en bovendien een flinke dosis naastenliefde zijn de heren de koning te rijk.

hoekstra_Jouke_paard.jpg

Het boerenbedrijf moet blijven draaien, en het is dan ook niet simpel een afspraak te maken met de drie. Berend en Jouke hebben tussen de bedrijven door even tijd voor een praatje, Jappy kon echter niet aanwezig zijn: 'drok, drok, drok...' Het is twee uur in de middag en Berend is net uit de veren: 'Ik sit ek noch yn 'e nachttsjinst by de Rendac, en de buorkerij is mear foar de aardichheid. As ik moarns om in oere of seis út it wurk kom, melke wy earst ús kij, en dan om in oere of njoggen efkes op bêd, middeis om healwei trijen wer melke, jûns wer oan it wurk, en sa giet dat fierder, no!De snipperdagen plan ik meastentiids yn om it wurk op 'e buorkerij te dwaan. De holle is my der sa op ynrjochte, ik doch it al fjouwerentweintich jier sa. It boerwêzen sit ús sa yn hert en nieren, wy sitte der fol fan!'

Hynders
De broers bezitten verschillende stukken land. De grootste gedeelten liggen rond de 'Burgumer stjonkfa- bryk'. Geen enkel bezwaar, vindt Jouke; 'ús kij binne sa sûn as fisken, en as der ris ien weirekket binne se moai wêr't se wêze moatte no?' Zo heeft Berend al regelmatig zijn eigen dieren moeten 'verwerken'. 'Dêr haw ik gjin muoite mei hear, dat is de "kringloop van het leven". It heart derby.' De huiskamer van Jappy en Berend is netjes en 'smûk'. In de vensterbank staan kamerplanten weelderig te bloeien. Jouke komt de oprit opfietsen. Berend: 'Hy hat gin rydbewiis. Dat hoecht ek net, want ik haw wol in rydbewiis, boppedat hawwe wy gjin trekkers, wy dogge alles mei hynders. 'Nee, trekkers hawwe wy net,' vult Jouke aan. 'in trekker seit ús neat. De kuil kroadzje ik der allegearre yn mei de kroade. De swylmasine wurdt lutsen troch in dûbelspan, dat is in prachtich gesicht. Jo genietsje dochs fan it libben! Dat dogge de minsken hjoed de dei fierstente min. Wat sjogge je no as je op in trekker sitte.
Se binne allegearre gek en healwils! Der binne in soad minsken dy sjogge oars neat as wurk, wurk, wurk. Wy net. Wy sjogge fûgeltsjes.'

Fakânsje
Werken, dat is hun lust en hun leven, bij het woord vakantie spuien de heren 'raar guod'. Jouke: 'Wy hawwe ek lân by de Wâldwei, dêr raze se simmers by kloften del yn auto's, op fakânsje. En dan tink ik: It is hjir dochs prachtich! Wêrom altyd fuort te jachtsjen! Ik ryd der dan sa moai rêstich op 'e swylmasine efter dy hynders, dat jout in kick no!' 'Ja werklik, in kick!' beaamt Berend. Jouke: 'Mei fakânsje straffe se jo! Och hea, minder kinne se net betinke. As je op fakânsje binne dan sitte je dêr earne yn 'e frjemdte mei neat om 'e hannen. Ik haw ien kear mei fakânsje west. Wy hiene in reiske wan nei sa'n Sporthuis Centrum. Mei triennen yn 'e eagen derhinne, en op'e weromreis haw ik songen! It wie ek noch in láng wykein! Ook Berend is nooit op vakantie geweest, wel heeft hij uit pure noodzaak het werk bij destructiebedrijf Rendac een lange periode moeten onderbreken.' Yn fiifennjoggentich hie ús oare broer Jappy de foet ferbrizele ûnder in ko. In dei as wat woe der net nei dokter, - wy binne net sa dat wy gau nei dokter reizgje - mar úteinlik hat 'er al in hiel skoft yn it sikehûs lein. Ik koe de boel hjir doe net allinne berêde, en doe haw ik in skoft thús west fan it fabryk. Ik haw in healjier snippere. Dat hie ik allegearre opsparre. It is trouwens nea wer hielendal goed kommen mei Jappy syn foet...'

hoekstra_boerderij.jpg'As je buorkerij hawwe is der altyd wat,' zegt Jouke 'Wy hawwe wol wat opstoppers hân, mar wy kreupelje altyd wol wat troch. Dêrom dogge wy ek meiïnoar, dan kinne wy inoar helpe. As der dan ris ien útknoffelt, dan kin de oar wat byspringe. At hy net kin, dan ruk ik út. "Naastenliefde" no?' Berend: 'Jappy en ik hawwe ek in bytsje in taakferdieling: ik doch nea it ôfwaskjen en stofsûgjen dat ynteresseart my net, dat docht hy. Blommen doch ik al, wy hâlde wol echt fan blommen en planten yn 'e hûs, dat is wer in bytsje myn hobby. Ik bin ek foar de hynders en de kij. Jappy docht meastentiids it iten, teminsten de ierappels en griente. Ik bin wer de man fan it "bakken en braden". Boadskipje doch ik ek, dêr hâldt hy wer net fan.'

Jongerein
'De jongerein hjir yn Garyp is ek sljocht mei ús,' zegt Jouke. 'Alle jeugd fljocht op my ta as se my sjogge, en dan freegje se: "hawwe jo ek noch in moai ferhaaltsje?" want in moai ferhaaltsje is der noait mear by, by de measte minsken. De jeugd fertelt my ek fan alles. Ik haw se al ris frege: Jonges binne jim no eins wol lokkich? "Nee," seine se, "ús álders skoppe altyd tsjin ús oan, om't de sifers meastentiids te leech binne." De minsken binne tsjintwurdich fierstente serieus, in grapke is der net mear by!.' 'Wat ek skande is', zegt Berend, 'is dat se it aaisykjen ferbiede, de jeugd hat net moar de kâns om fan de natuer te genietsjen! Wy diene froeger oars net as yn it lân omsweve. Wy wisten ek alles fan'e fûgels. No hawwe wy noait tûke aisykers west, dat net, nee wy wiene mear fan dy ljeppers, en dan it leafst op kop en earen deryn en skoskerinne...' 'Ja, skóskerinne, dát wie moai!' veert Jouke op, 'op 'e kop deryn en dan de sokken sa bot útwringe dat se dwerstroch wiene! Jahaaa, jong!'

 

hoekstra_koeien.jpgFleurich
'Ik haw de jongeren hjir ek al ris goed te pakken hân,'verlekkert Jouke zich. 'Se hiene my ferteld dat se noch nea bang west hiene. No, soks moatst my net fertelle fansels. Dyselde jûn stie ik in eintsje út'e buorren ferskûle efter in strúk. En der kamen se oan. Se hiene harren fytsen noch net swaaid of dêr sprong ik út 'e hage mei in wyt lekken om'e lea. Sy wisten net hoe hurd oft se fuortkomme moasten!' 'Wat net mei, dát fine wy no krekt it moaiste!' glundert Berend. 'As wy wat yn 't sin hawwe dan brûze wy deryn, en dan moat it ek op slach en stuit! valt Jouke gedreven bij. 'Bygelyks as de kij fan it iene nei it oare lân moatte. Mei feeweinen duorret it ús fierstente lang, wy litte de kij kilometers los oer de drokke dyk kuierje, en dat giet moai tsjin it ferkear op, troch de stopljochten, jahaa, jong, dêr jouwe wy neat om! Der moat al ris in grapke by, no!'

'Meitsje der mar in moai fléurich ferhaaltsje fan! Nét negatyf, hear, nét negatyf, asjeblyft net, want dêr hâlde wy net fan! Drukt boer Berend me bij de deur nog op het hart. 'No goeie, wy sille wer nei de kij!'

Tekst MIRJAM VAN HOUTEN
Foto's ANNE VAN DER WOUDE

Uit: Friesland Post, maart 2002

totop
Rabskute.JPG

 'De Rabbelskûte' 22e jaargang nr. 5 van 12 juli 2019 is uit. De Garipersite heeft weer enkele artikelen voor u overgenomen.

De volgende Rabbelskûte verschijnt op 13 september 2019.
Kopij inleveren uiterlijk vrijdag 6 september om 19:00 uur bij Anne Albada, Feanhústerpaad 12, 9263 RN in Garyp.
Zo mogelijk via het e-mailadres van de dorpskrant derabbelskute@gmail.com

Collecterooster 2019

  • 02-09 t/m 08-09 KWF Kankerbestrijding
  • 09-09 t/m 15-09 Prinses Beatrix Spierfonds
  • 16-09 t/m 22-09 Nierstichting