Skip to main content

Logo Dorpsbelang

Nieuws van Dorpsbelang

(juni 2023)

1. Utnûging ekstra ledegearkomste
Yn ferbân mei wizigingen yn de statuten wurde de leden fan de Vereniging van Dorpsbelangen Garyp útnûge foar in ekstra ledegearkomste om de nije statuten goed te keuren. Datum: tiisdeitejûn 20 juny 2023 Plak: It Geahûs Tiid: Fan 20:00 - 20:30 oere De oanpaste statuten kinne yn it foar op de website www.garyp.nl ynsjoen wurde. Mocht de opkomst op 20 juny leger wêze as de fereaske twatredde mearderheid fan de leden dan folget der automatysk op tiisdeitejûn 11 july 2023 in twadde ekstra ledegearkomste. Plak en tiid binne itselde as dy fan de earste gearkomste.

2. Swalkôffal (= zwerfafval) en de fixi-app
De ôfrûne jierren hawwe frijwilligers fan trije Gariper organisaasjes (c.k.v. Vlug en Vaardig, CBS De Wrâldpoarte en it swimbad It Baeijersplak) tsjin in fergoeding fan de gemeente regelmjittich swalkôffal yn en om Garyp opfandele. De fergoeding wurdt lykwols mei yngong 2023 net mear troch de gemeente beskikber steld. It opromjen sil tenei troch meiwurkers fan de gemeente dien wurde. Dat nimt net wei dat ynwenners fan Garyp sels aktyf it doarp skjinhâlde kinne. By de gemeente kinne ynwenners fergees in griper ophelje of in swalkôffalaksje oanmelde. Mear ynformaasje is te finen op www.t-diel.nl/zwerfafval-inzamelen.

Yn it ferlingde fan dit ûnderwerp it folgjende. Op de ledegearkomste fan 25 april lêstlyn waard de fraach steld oft it mooglik is dat der mear ôffalbakken yn it doarp pleatst wurde kin, benammen om’t der noch al wat pûdsjes mei hûnestront yn de berm goaid wurde. It bestjoer hat dy fraach foarlein oan de gemeente. As antwurd waard der sein dat der yn ferbân mei besunigings gjin nije ôffalbakken pleatst wurde sille. De gemeente giet der fanút dat minsken harren eigen ôffal en hûnestront oprêde. Ek hynstestront moat oprêden wurde.

It bestjoer hat ek in melding dien oer kapotte lantearnlampen oan de Mounehoek ynklusyf bushalte en de tunnel ûnder de Wâldwei. Hjirûnder it antwurd fan de gemeente:

Eind 2022 is de aansturing van de pompen bij het viaduct aangepast. Hierbij is de stroomvoorziening naar de verlichting afgekoppeld en niet opnieuw aangesloten. Het heeft even geduurd voordat ontdekt is dat de stroomaanvoer blijkbaar via deze weg liep. Aansluiting op dezelfde wijze is niet wenselijk. Daarom gaat de netwerkbeheerder een nieuwe kabel aanleggen. Liander plant de werkzaamheden in. De gemeente heeft geen invloed op wanneer de werkzaamheden worden uitgevoerd. Onze opzichter heeft regelmatig contact met Liander en probeert de werkzaamheden te bespoedigen. It kontakt mei de gemeente oer boppesteande fraach/melding is lein fia de Fixi-app. Dizze app kin elk fergees ynstallearje op syn/har mobyl. Mocht immen wat opmerke yn de iepenbiere romte dan kin der fia de app in melding stjoerd wurde nei de gemeente. It giet dan om bygelyks stikkene lantearnepeallen, loslizzende stoeptegels, ôffaldumping ensafuorthinne.

3. Digitalisearring ledebestân
It bestjoer fan Doarpsbelang wol graach syn ledebestân digitalisearje om de korrispondinsje makliker te meitsjen. Hjirby in oprop oan alle leden om in mail te stjoeren nei dorpbelanggaryp@gmail.com. Sa hoopje wy fan alle leden it mailadres te krijen, sadat wy der in groepsbestân fan meitsje kinne.

4. Parkearoerlêst
Yn Garyp binne te min parkearplakken foar alle auto’s. It gefolch is dat der sa no en dan op bygelyks stoepen of op oare net gebrûklike plakken parkeard wurdt. Dit jout lykwols oerlêst foar kuiersders, benammen foar minsken dy’t net goed rinne kinne en ôfhinklik binne fan bygelyks in rollator of in scootmobyl. Graach oandacht hjirfoar.

5. Omrop Fryslân
Op tongersdei 24 augustus komt Omrop Fryslân nei Garyp om de hiele dei radio- en telefyzje-útstjoeringen te meitsjen. Doarpsbelang sil yn it foar ynwenners oandrage om in bydrage te leverjen. De minsken fan de Omrop binne ek altyd yn foar spontane praatsjes.