Nieuws van Dorpsbelang
(juni 2024)
Plakette bankje Unicumplein
Ofrûne jier is Stichting 113 in kampanje begûn om selsdeading mear besprekber te meitsjen. In ûnderdiel fan de kampanje is it pleatsen fan in lytse metalen plakette op bankjes yn de iepenbiere romte.
Op it plaatsje stiet de tekst Een goed gesprek begint met iemand zien. Tagelyk stiet der ek in QR-koade op dy’t útkomt op de webside www.113.nl/ikzieje. De tekst op it plaatsje is twatalich, yn it Nederlânsk en yn it Frysk.
De gemeente Tytsjerksteradiel hat tastimming foar it pleatsen fan de plakette jûn.
Mailadres trochjaan
Fersyk oan ferieningen en stichtingen fan Garyp om it mailadres oan Doarpsbelang troch te jaan. Der binne wol ris mails dy’t by Doarpsbelang binnenkomme en dy’t foar meardere partijen yn Garyp oantreklik binne. Sa kinne wy dy mails trochstjoere. dorpsbelanggaryp@gmail.com
Hûnestront en swalkôffal
In punt dat regelmjittich argewaasje jout, is hûnestront op ‘e trottoirs. Dêrom noch ris wer de oprop om de brot op te romjen.
En as wy dan dochs dwaande binne: lege pakjes drinken, plestik pûdsjes, ferpakkingen fan snobbersguod, sigrettepakjes en blikjes hearre ek yn de prullebakken.
En dan graach dat pûdsje mei stront yn de ôffalbak smite!
Wykagint
Fenneke Terwindt is de nije wykaginte fan Garyp. Foar algemiene meldingen is sy berikber fia it mailadres: fenneke.terwindt@politie.nl
Mei golle groetnis,
Ans