Skip to main content

Inleiding

Een door Taede H.Smedes gemaakte beschrijving van Garyp en omstreken in de eerste helft van de 20e eeuw. Over de omgeving met z'n vele zandwegen en -paden en over de mensen die hier toen woonden en leefden.

Taede Hinnes Smedes hat in beskriuwing makke hoe 't Garyp en omkriten der yn de earste helte fan de foarige ieu der hinne lei en wa 't der doedestiids wennen. Yn dy tiid bestie Garyp foar in grut part út sânreden en paadsjes troch de lannen. Yn it earste part beskriuwt Smedes benammen de âlde reedsjes dy't no hast allegearre ferdwûn binne, mar soms noch werom te finen binne yn nije strjitnammen. Jo kinnen dan tinke oan Feanhústerpaad en Skeanpaad. Letter beskriuwt Smedes alle âldere strjitten en wegen yn en om it doarp.
Wy kinne sa'n twa jier yn elk nûmer in stikje fan "it boek fan Smedes" opnimme, alteast as de romte der is.
De redaksje is net oanspraaklik foar de ynhâld. As jo oer oare of oanfoljende feiten beskikke kinne jo je ferstean mei Taede Smedes sels. Hy sil dat grif op priis stelle.

 

(Bron: 'De Rabbelskûte', dorpskrant van Garyp, jaargang 2006)

 

Hoe siet dat eartiids yn Garyp?

 

Foarwurd

It kin faak tige nijsgjirrich wêze om jins tinzen ris gean te litten oer eardere tiden, dy ‘t hiel oars wiene dan hjoed de dei.

Dêr 't ferwiisd wurd nei boekje 1 en/of 2 wol sizze de foto’s dy’t steane yn it reade en griene boekje, gearstâld troch J. Tj. Hoogstins en W. Kobus: “Garijp in oude ansichten”.

Nei oanlieding fan in kofjebesite oan myn neef Oebele fan Ybele Smedes (Oebele en Alie), wer ‘t ien en oar op ‘e hispel kaam, haw ik my ta skriuwen set. Wy ornearren dat nei ús generaasje d’r wol ris in protte nijsgjirrige feiten en ferhalen ferlern gean koenen. Net dat wy alles wisten, mar troch oerlevering en eigen witten koenen wy noch hiel wat opreakelje; bygelyks hoe of Garyp er Topografysk (geakunde) en Geografysk (ierdrykskunde) hinne lei en wer ‘t ús foarteam earder wenne. Uteraard moat ik my beheine ta wat my troch oaren oerlevere is; bygelyks myn heit Hinne en omke Anne (âldste soan fan Taede Smedes en Jantje Hellinga) en fan eigen witten. Dêrom soe ik wol graach oanfolling hawwe wolle fan oaren dy ‘t mear nijsgjirrige dingen oer ús doarp witte. Faaks soe er dan op breder mêd (bygelyks yn in foarm fan in boek) oer ferhelle wurde kinne.

Untstean fan Garyp

Sa ‘t de measten fan jimme faaks wol earder heard hawwe, is Garyp ûntstien op in sânkop as in eilân tusken de legere feangrûnen. Ga is gea (lânskip) en Ryp is in sânrêch of stripe. Yn ‘e rin fan ieuwen sil it ûntstien wêze, foaral nei de lêste iistiid sil it op ‘e ien-of-oare wize syn beslach krigen ha. Hjir moatte eartiids yn ‘e omkriten mânske bosken stien ha mei beammen fan wol 30 en 40 meter heech en by it graven foar de gaslieding op ‘e Stûken hat men noch guon fûn.
Troch ferskate waarsynfloeden, sânstoarmen en wetterrinnen kamen der bulten sân út it easten wei hjir hinne en ûntstienen der grutte sânrêgen en koe der bewenning ûntstean. Dat wie yndertiid in geunstich plak, want mei heech wetter hâlden jo droege fuotten. En dat it wetter ticht by komme koe hat myn mem wol ferteld; by ‘t winter mei sterk iis bûn se redens ûnder achter de Petrus tsjerke en ried dan dwars oer nei Ljouwert. Myn mem is berne yn 1890 en myn heit yn 1891. De Earnewâldster polder wie er doe noch net en ek it stoekfjild lei foar bûtenwetter.

 

Gravinneloane
Ferhurde diken wiene der eartiids net, it wiene allegearre sânpaden en skeanpaden; dy lêsten koenen allinne te foet brûkt wurde. It âldste sânpaad moat west hawwe by it âlde kafee de “Koekoek” lâns (no Sumar, mar eartiids hearde it by Garyp) en waard de “Gravinneloane” neamd. It is noch min-ofte-mear werom te finen by de ruilferkavelingsdyk achter de eardere K.I. en hie wierskynlik ôftakkingen nei stinzen en fersterke buorkerijen. Dy hienen dêr dan in brede grêft om hinne. Foar dy ‘t er each foar hat binne se hjoed noch nei te gean.

Garyp stie eartiids bekend as it doarp fan ‘e 14 stinzen. Neffens de oerlevering hat it dus in tige wichtich plak west. Garyp is in gesellich doarp mei in ferskaat oan wegen en weikes. In wûnder fan skientme wie oant foar noch mar inkele jierren Sigerswâld, in útbuorren fan Garyp. It wie noait liker as hie de tiid der stilstien. De stilte en de rêst kamen op jin ta mei teffens it ferline. Hjoed de dei snuorje dêr deis en nachts de auto ‘s lâns. In seldsum moai stikje Fryslân waard offere oan it ferkear. De Iniaheide hat ek noch altyd syn bekoaring, mar heide fynt men der net mear.

Om werom tekommen nei de “Gravinneloane”: In earste ôftakking kin west hawwe oan de westkant fan it K.I. gebou, in twadde oan de eastkant fan Sjouke Riemersma (rûn letter troch as “Lútsens Leane“, better bekend as “Rienke Baaie reedsje”. It hat tink ik syn ein fûn wer ‘t no Piet Hoekstra wennet, foar oan op it “Tsjerkepaed”; dêrwei it lân yn hat lang it paad west nei Pieter Veenje, de slûswachter; mar foar it selde kin it ein ek plak fûn hawwe krekt foarby de Petrustsjerke oan ’e Westerein (slodder reedsje).
Ik tink dat de earste ferhurde dyk (yn 1866 wie it noch in sânwei) lein is fan ôf Sumar - Easterein - Greate Buorren - Lytse Buorren, de Westerein moat letter noch fluorre wêze. Dat wie de meast noardlike haadwei nei it doarp en ik tink ek de ienichste doetiids.

Fan ôf dizze dyk takken har ferskate sânpaden ôf yn súdlike rjochtingen. Neffens in âlde kaart fan Schotanus moat er in paad lein hawwe ergens tusken “Binnenrust“ en it “Swelle Nêst“ yn en dan sa op it hûs fan no Romke Hooijenga oan en dan nei myn betinken op it hûs fan no Van Slooten oan, wêrnei er ôfbûgde yn ‘e rjochting fan ‘e Hearrewei, op ‘e ein fan de Polderdyk. Schotanus neamd it de “Ryd weg na Nyega”.

De earste dêr ‘t ik fan wit wie fan ôf de Easterein nei de buorskip “Feanhúzen”, eartiids Lútsens leane” neamd, mar yn myn tiid waard it “Rienke Baaije Reedsje”, neamd nei Rienk Benedictus, de oerpake fan Gjalt Benedictus, dy ‘t it hûs sette dêr ‘t Foppe Lycklama à Nijeholt no yn wennet. Mei in grutte bocht nei links rûn it paad oer it hiem fan Abraham Deknatel (no famylje Klein), dêr‘t it nei alle gedachten in ein naam by no Thomas Wobma.

Letter is der noch in sydpaad makke om wer yn it doarp te kommen, ik tink dat jo by Roaners de Jong lâns wer op ‘e Loane kamen. Dat wie net in sânpaad, mar ien fan ‘e folle saneamde “houtsjepaden” dy ‘t yn ús lânsdouwe in protte foarkamen.

De oare kant út komme jo by de buorkerij fan Jelle Lijklema en Pieter Romkes de Vries (eartiids Ielke Boonstra, nei alle gedachten de man dy ‘t it nije paad oanlein hat sa as wy it no kenne) lâns en rûn it paad rjochtút, in pear hûndert meter noardlik fan Romke Hooijenga (hat syn heit Tamme my ferteld) en sa op it bosk oan, rjochting Sumarre Heide. Dat bosk wie eartiids mei it measte lân der om ta in grut heidefjild, en as ik goed ynljochte bin oanmakke troch de pake fan Taede Siemens Sibma en op it lêste stik sille se wol in bosk plante hawwe, de grûn hat faaks gjin stoer wurdich west.

Fanôf it paad nei Sumarre Heide rûnen d’r wer sydpaden nei it súdeasten ta; se waarden letter reden neamd, want troch it brûken fan hynder en wein waarden it mar súterige paden, dy ‘t troch de brûkers sels ûnderhâlden wurde moast.

Oude Paden

It earste paad wie wêr ‘t Thomas Wobma (eartiids Folkert Formsma) in nij hûs set hat. Destiids matte dêr mear hûzen stien hawwe en neffens oerlevering moat d’r ek in begraafplak west ha wer ‘t dan de ferstoarnen út “Feanhúzen” beïerdige waarden.

De twadde reed rûn rjocht op famylje Kuperus (eartiids famylje Soet) en famylje Sjonger (earder Pope Zandstra - Wolter Tiekstra) oan.

De tredde reed wie foar famylje Djurrema, (earder famylje Landheer).

De fjirde reed wie oan ‘e eastkant fan Romke Hooijenga, foarby Tjeerd de Haan (no ôfbrutsen) nei famylje de Wal (no famylje ?) dan Japik van der Meer (ôfbrutsen) nei Herre Hartz (no Van Sloten).

De fiifde reed lei op ‘e skieding fan Garyp en Sumar en waard letter de trambaan in ein oer hinne lein. Wer ‘t jo dan krekt útkamen haw ik it measte sicht net op; ik wit wol dat er yn dy dagen frij wat minsken wenne hawwe, om in pear te neamen: Jelle Dykstra, Tamme Hooijenga, Remmelt de Haan, Louw Hartz. Foppe en Ietje de Graaf bouden in hûs fierhinne by de Sustersweifeart en besochten der eat fan in gernierkerij fan ‘e grûn te krijen, mar dat sil net slagge wêze want se hienen letter in snobberswinkel yn ‘e hjoeddeiske Inia bar. Letter hat er noch in Fennema yn wenne, opfolge troch syn skoansoan Jan fan lytse Romke Wymenga; nei syn ferstjerren is it ôfbrutsen Ik tink dat famylje Doede Veeman der no noch allinne wennet.

Rjochting Garyp stie foar dy tiid alteast in mânske boerepleats, dy wie fan P. Brandsma. At der earder ek in pleats stien hat wit ik net, mar dy boude foar dy tiid in úterst moderne buorkerij mei in fuorgong yn ‘e midden en oan beide kanten efter de kij in mielgong mei in groppe.At jo efterhûs steane kinne jo it hjoed noch sjen. No wennet feedokter Peter van der Weij der, dêrfoar Wytse Hoekstra, earder syn heit Aarn Hoekstra en dêrfoar Douwe en syn soan Jan Douwes Douma.

Dizze Brandsma blykte in foarútstribjend man te wêzen: hy lei bygelyks in sânpaad oan lyk rjochtút foar syn daam op Koutenburch oan.

Dat wie dus it twadde paad, mar wol eigendom fan boer Brandsma; it is dêrom net sa ferwûnderlik dat dy dyk no noch Brandsmaloane neamd wurdt. Hy besiet ek gâns wat lân sa om Garyp hinne, wie mei - oprjochter fan it wetterskip “Earnewâld”, liet syn beide soannen leare: de iene is feedokter wurden en de oare makke letter namme as T.B.C dokter (by minsken) te Ljouwert. It wie in liberale boer mar joech yn tsjinstelling mei de A.R. boeren yn Sigerswâld altyd in heger oerlean as de oaren; dit haw ik fan myn mem, want dy hat er tsjinne doe’t se 13 - 16 jier wie. Hy hat it faaks ek better dwaan kinnen.

It tredde paad wie it saneamde Joekema’s reedsje. Dy rûn fanôf de buorren tusken it hûs fan Teun’e Wietske (earder Herman Formsma) en Sytse Kloosterman (earder Frans Joekema) nei de pleatskes fan famylje Evers (earder Pieter Elzinga sr. en Lieuwe Elzinga) en nei famylje Koppe (earder Pieter Elzinga jr.). Der stiene ek noch in pear arbeiders wenten: earst Willem de Haan en dan Wytze Haanstra, dat is in nij hûs op it stee fan earder in sekere Wybren …………….en letter Peter Sytema, dan wennen der noch Lykele en Wietske de Vries (ôfbrutsen en te sjen yn Garyp âlde ansichten diel 2 nr. 36).

Fan Sybren en Geeske krige ik noch in brief yn hannen fan har oerbeppe Maaike, skreaun op 27 augustus 1895, dêr't sy yn skriuwt dat har man Anders Roorda nei Alde Miede is te “nieuwgras maaien”, en dat har soan Broer no by Jouke Bosma tsjinnet en wyks tsien stuorren oer hâld, sa dat er no in moai potsje opgarre hat en dat er straks mei heit nei de stêd sil om in nij pak. Sy hienen in tsiis fan 32 poun en turf genôch foar de winter.

Fierders stienen de beantsjes, de ierpels en de rogge der goed foar, der hienen se gjin soargen oer. Wol klage se dat se it yn ‘e simmer sa drok hân hie, dan op it lân en dan yn ‘e turf, moarns fjouwer oere der ôf, dat se koe soms “niet leggen”, sa warch en ôfmêde wie se dan. Mar se wie tankber foar de “vele weldaden die de Heere aan ons betoondt”. Dit skreau se oan har Geachte Dochter Wietsche. (Lykele Wietske dus).

Ik koe it net litte om dit oan te heljen as byld fan eartiids.

Besiden dit paad, oan ‘e eastkant wie it saneamde Akke lân, dat wienen de eardere folkstúnen wer ‘t in protte minsken harren ierpels en griente ferbouden.

It fjirde paad wie in paad dat tusken de Andreas tsjerke en famylje Derwig rjocht op ‘e pleats fan no famylje Stallinga (earder Lieuwe Hoekstra - Gerlof Hoekstra - Marten Wynia - Pieter Sibma - Piet Hoekstra - Sytse O. de Vries) ta rûn. Myn heit koe noch fertelle dat de famylje Hoekstra yndertiid mei de tilbury it paad del nei de tsjerke rieden. It sil in eigen paad west ha.

It fiifde paad wie de “Loane”, no “Inialoane”, mar dy rûn neffens myn heit net fierder dan wer ‘t de hûzen ophâlde. Op ‘e kaart fan Schotanus wurdt oanjûn dat er heechút oan Lutke Inia ta rûn, wylst de Iniaheide by de Broek oanslúte. Oan ‘e súdkant fan Sjoerd Wagenaar wie in dwerspaad nei Feanhúzen en oan ‘e Súdkant fan Piet de Jong in “Voet en Kruipad”, ek nei Feanhúzen.

It seisde paad wie in paad East by kafee Unicum lâns rjocht op Panjer oan. Eartiids stie der in karakteristyk âld boerehûs mei in âlderwetske skoarstien en houten blinen foar de ramen dy ‘t wer ûnderferdield wiene yn lytsere fjouwerkante rútsjes. Yn myn tiid buorke der Geert Rienks Benedictus en letter syn soan Harmen Benedictus. Neitiid is it ôfbrutsen en is der in nij hûs delset dêr ‘t Panjer no yn wennet.

Dan bûgde it paad nei rjochts op ‘e Tuije oan en nei de pleats fan no Jan Kloosterman (foarhinne Oege en Wytse Antonides en yn myn heit syn jongestiid Wolter ? van der Woude. It paad rûn dan rjocht op no Inialoane 80 oan (foarhinne Anne Smedes - Ybele Smedes - Klaas Veenstra - dokter Sirag) neist hûs lâns nei de Broek ta. Besiden dit paad moat yndertiid noch in lyts spultsje stien ha, der wenne doe Auke Hemrika en wie molkrider. Oebele Y. Smedes fertelde my dat doe ‘t hy noch in lyts jonkje wie harren wenhûs mei de ramen nei it noarden stie en in losse berch dêr efter, letter is er in nij hûs boud op it súden tsjin de berch oan.

It âlde stee fan eartiids hat er noch op in âld skilderij oan ‘t lewant. Hy fertelde ek dat noch altyd oan ‘e sleatten te sjen wie, wer ‘t dy letter troch slatten wienen. Myn heit syn âlders wennen doe op it pleatske fan Stenekes (earder Andries Roorda) en hy hat dat paad as skoaljonge faak rinne moatten.

Dit komt oerien mei wat Jan Tj. Hoogstins earder skreau dat yndertiid it sânpaad fan ‘e Tuije fierder troch rûn nei de Broek. It paad fan no giet fierder rjochtút bylâns “Lyts Inia State” nei de Iniaheide. Lyts Inia State wie in saneamde “Slotpleats” mei in brede grêft der om hinne (noch te sjen foar Wiebe Slofstra oer). Op ‘e kaart fan Schotanus stiet er in hiel ein fan it paad ôf, wyls ‘t it paad foarby “Lutke Inia” fan ôf Garyp in bocht nei links makket der ‘t no in bocht nei rjochts is. De kaart jout ek oan dat er in ferbining is tusken sismar de pleats fan Van Rijn en de Iniaheide.

Ek is der in paad tekene fan út it doarp rjochtstreeks nei “Lutke Inia”, alhiel mei beamen omseame. In ferbining mei de Broek wurdt net oanjûn.

De paden leinen eartiids oars as no, ôf de tekener hat him yn ‘e bocht fersind. De Iniaheide wie in buorskip fan meast earme lju dy ‘t troch de tiid kamen mei jeien en mollefangen en es by in boer te arbeidzjen; se wennen yndertiid yn plaggehutten. Yn myn heit syn jongestiid stiene der noch in pear dêr‘t de foarein noch mei seadden op set wie.

De Iniaheide wie yndertiid ek in hege sânkop; myn mem hat faak ferteld, dat at se by har beppe wie (dy wenne op it hiem fan Heine Kootstra) en beppe even nei har suster moast (dy wenne op it hiem fan lêst Rinus Wagenaar, lyk foar Van der Meulen oer) sy dan it floddermûtske hiel stadich achter in hege sânkop ferdwinen seach.

Wannear wy it paad fierder folgje bûgde it krekt foarby Janny Wetterrauw (foarhinne Lykele de Vries - Hylke van der Meer) nei rjochts en foarby de “Forten” lei dan meastal in barte oer de Sustersweifeart om sa fierder yn Aldegea te kommen. Lei dy barte der net, dan moasten jo jo oersette litte mei in skou.

It wie yn 1904 (no 100 jier lyn) dat de gemeente Smellingerlân kundskip die dat er frijwillich ôfstân dien wie fan grûn ta behoeve fan de oanlis foar de wei: Aldegea - Garyp. De bochten sille letter ek wol feroare wêze, mar it hat fêst noch jierren duorre foar dat alles syn beslach krige hat.

It sânde paad wie de “Hûnesteech” (no de Singel, de namme is fan Ds. Minnema, dy fûn Hûnesteech mar neat) en rûn dea wer ‘t letter Melle Pebesma in fuorderij begûn. Letter noch Jouwert Wagenaar, Gauke en Aalzen Wagenaar, no famylje Kok.

It achtste paad wie de “Tuije”. Ik bin net wis dat dy trochrûn nei de pleats fan Jan Kloosterman of dat er ophold by it hûs fan Jan en Tea Leegsma en dat it letter troch lutsen is. Yn myn jongestiid wie alles noch sân.

It njoggende paad wie nei de buorskip “Sigerswâld”, dat ek op in sânkop lei, it hat earder ek noch “Kleasterbuorren” hieten. Yn earder tiden wie it in echt doarp, bygelyks yn 1447 mei in tsjerke fan tufstien, dy ‘t yn 1482 ynstoarte. Letter hawwe in mannich nonnen der in kleaster boud mei in nij tsjerkje fan âlde Friezen.

Alde Friesen Muurtje

Om it rotstúntsje op it hiem fan Jacob Jacobi jr. is in muorke mitsele fan dizze âlde stiennen. Om dit kleaster hinne setten letter inkele boeren har der nei wenjen en kamen d’r arbeidershûzen. Se hienen ek in eigen begraafplak.

De jonges fan Jacobi hawwe noch ferskate skeletten opgroeven en sille d’r grif mear oer fertelle kinne.

Nei oanlieding hjirfan krige ik fan Oebele Smedes in tige nijsgjirrich kranteknipsel, út hokker krante wie net nei te gean, oer it âlde Sigerswâld.

Ik hoopje dat yn in oanhingsel noch es hielendal ôf te printsjen.

De nonnen hawwe ek in feart grave litten dy ‘t hjoed de dei noch de “Sustersweifeart” hjit en oan ‘e ein fan de “Polderdyk” ta rint. Yn dy tiid rûn der ek noch in paad fanôf Sigerswâld op Aldegea oan (dat is op in âlde kaart noch te sjen); it hat wierskynlik in ferbining makke mei it kleaster fan Smelle Ie. Foarby de pleats fan no Piet Greidanus, krekt oan dizze kant wer ‘t de Sustersweifeart in bocht nei it noarden makket hat lang in plak west, faaks is it noch wol te sjen, wer ‘t sa mar in barte oer de feart te lizzen wie. Wy neamden dat froeger de “twadde barten” omdat by Greidanus de earste barten leinen.
Myn pake Taede, berne yn 1852 troude yn 1875 mei Jantsje Hellinga fan ‘e Burgumerheide en sette him nei wenjen wer ‘t no de hinneboer Van Harten wennet (eartiids Pieter Talsma - Durk Wolters - Jaap Raap). De dominee út Garyp moast destiids ek yn Earnewâld preekje; hy stapte dan fanôf Garyp nei Sigerswâld en dan fear pake him mei de skou nei Earnewâld oan ‘t efter de tsjerke, der koe der doe noch oanlizze. Dêrom hjit it farwetter nei Earnewâld altyd noch de “Tsjerkewei”.

Oan it paad nei Sigerswâld wienen ek dwerspaden.

It earste sydpaad wie it “Sker”, wer ‘t ek hûzen oan stienen. It “Sker” krige syn namme omdat er eartiids plak wie om mienskiplik fee te weidzjen, dêrom ek wol “Miensker” neamd.

It “Sker” lei foar bûtenwetter en derom hienen se neist it Sigerswâldsterpaad in hege dyk makke, dy’t oanslúte by de hegere bougrûnen dy’t noch te sjen binne tusken “Mounehoek” en “Westerein”. Fierder wie er noch in wâl oanlein fanôf “Stobbehoek”, no it Fiadukt, oan de “Bolderen” ta.

Fierder hoegde net, want dan joech it bûtenwetter wol wer kear foar it fee. De wâlen wienen ticht beplante mei strewellen iken en hagebeammen, dat tsjinne dan as ôffreding, want it stikeltried moast noch útfûn wurde.

Der wienen twa plakken wer ‘t de kij yn en út koenen: op ‘e “Mounehoek” en op “Stobbehoek”, dat waarden “Skoartlings” neamd. Ferskate boeren kochten dan in oantal “Kowegongen”, dat joech it rjocht om de “Gong” in ko te weidzjen. It wie eigen oan de Steaten fan Fryslân en dy haw it ferkocht op 29 augustus 1881. Dy ferkeaping fûn pleats yn de herberch fan Marten Douwes van der Zee te Garyp. It hiele Sker wie grut: 172 ha. of te wol 470 pûnsmiet. Bekend is dat Oege Simens Hoekstra 81 pûnsmiet keapet foar 17 gûne it p.m. en 13 p.m. foar 137 gûne it p.m. It ferskil sit him hjir yn dat it lêste oanmakke lân wie en dêrom goed haailân.

It twadde sydpaad wie it “Kooipaad” , mooglik neamd nei in eardere einekoai. It rûn foar de Jong lâns (earder Uitze Tjeerdsma - Durk van der Meulen - Bokke Tjeerdsma - Hindrik A. Kooistra), foarby Betty László (earder Lammert Ysselstein - Gerben Kooistra) oer in sânkaam nei Earnewâld. It koe allinne yn ‘e simmer brûkt wurde, by ‘t winter stie alles ûnder wetter. It Sigerswâldsterpaad del koenen jo letter ek noch rjochts; wierskynlik yn 1860 oanlein troch foarâlden fan ‘e famylje Kooistra, want sûnt minske heugenis wie it altyd “Atereed”.

Doe ‘t er in mûne set waard oan it Sigerswâldsterpaad om de Broeklannen te bemeallen is d’r ek in feart groeven as wetterlossing nei de Tsjerkewei . Op Atereed hawwe se barten der oer hinne lein: Atebarten. (Garyp âlde ansichten boekje 1 nr. 1 en boekje 2 nr. 2). De mûne moat stien hawwe krekt foarby Jan Hulder oan ‘e linker kant fan it paad en mealde it wetter ûnder it paad lâns yn ‘e feart. (boekje 1 nr. 35).

Myn heit fertelde dat doe ‘t de mûne letter oerstallich wie, ôfbrutsen is mei it hûske dat er by hearde, mei de pream nei Earnewâld fart en dat Jelle Kobus der letter wer yn wenne. t Kin wêze dat er ek de roggemûne bedoeld hat, dy ‘t neffens oerlevering ek op ‘e Mounehoek stie, tichter by de buorren, der is noch altyd in stik lân dat de namme “Mounelân” hat.

Fan út Sigerswâld wie der ek in ferbining mei de Iniaheide op de súdkant fan ‘e Broeklannen, letter gewoan “de Broek” neamd, jo kamen dan út by no Stenekes en sa wer op it paad nei de Iniaheide. Sigerswâld en de Iniaheide hienen yndertiid folle mei elkoar te meitsjen. De arbeiders dy ‘t op ‘e Iniaheide wennen hienen foaral yn ‘e simmer wurk by de boeren fan Sigerswâld, dy ‘t mei harren lân oan de Sustersweifeart ta leinen.

Se makken ek fakentiids gebrûk fan saneamde skeanpaden, ek wol houtsjepaden neamd; der lei dan in soarte fan byls of in dikke post oer de sleatten.

Yn myn jonges tiid ha we d’r wol faak gebrûk fan makke at wy de lannen yn stutsen. Tusken frou R. Veenje (earder U. van der Wier - P. Wolters) en (foarhinne Sj. Hoogstins - P. Boonstra - W. Kooistra - A. Kooistra - no ôfbrutsen) wie in paad rjocht op de barten oan oer de Sustersweifeart en ried men dan mei de tilbury of de glêzen wein nei Aldegea. At de arbeidersbern fan de Heide se oankommen seagen fleagen se harren yn ‘e mjitte om de hekken iepen en ticht te dwaan; meastal krigen se dan in sint of in botsen.

Der wie noch in gearwurkingsferbân tusken beide buorskippen en dat wie mei ferstjerren. Doe ‘t er noch gjin begraffenisferieningen wienen hie men de saneamde “Buorren”. Sigerswâld en de Iniaheide hienen ien “Buorren”. Se moasten elkoar by stean mei ôflizzen, mei te hôf bringen, mei dragen, mei leedmiel en mei kloklieden.

Herman Sibma, Taede Antsje har skoanheit, hat my in kear ferteld dat hy as jonge baas by de begraffenis fan myn pake Taede de klok liede moast; dat duorre in lang skoft, want der moast trije kear om it hôf rûn wurde. Doe wie de koster by him ûnder de toer kaam en dy sei dat it nearne nei hearde, want hy lette de klok net mar dat er him klepte. Doe ‘t er it my fertelde skamme hy him d’r suver noch om, mar hy wist net better. Doe ‘t myn frou en ik letter te wenjen kamen wêr’t Cor Wolters no wennet, fûnen wy op ‘e souder in lange tafel mei twa skraachjes en twa lange banken, alhiel swart yn ‘e ferve klear foar gebrûk by it leedmiel, it wie allinne alhiel fermôge.

As tsiende paad moat ik it “Tsjerkepaed” noch wol even meinimme. Dit paad sil oanlein wêze om de minsken te geriven dy’t yn it eastelik diel fan it doarp wennen. Alle ôfstannen moasten te foet ôflein wurde en dan koarte dat wer in hiel ein om by tsjerke te kommen yn stee om de hiele buorren om. Sadwaande ûntstie der in grutte trijehoek.

It heechste punt lei op it stee fan Jappie Hellinga (eartiids postkantoar en bewenne troch Rienk van der Berg). Op it hûs stiet no noch “Op trije herne wier”, d.w.s. it hege plak yn ‘e trijehoek. It is my net bekend wa at dat er op set hat.

Even fierder, rjochting tsjerke, rint it hurd ôf en moasten jo oer in bartsje dat oer in sleatsje lei; dat wie in ôfwettering tusken Haaie van der Bij (eartiids Oebele van der Veer - Jan Roorda) en Haaie Kampen (foarhinne Teade Hietkamp).

D’r moat yndertiid ek in hekje foar stien hawwe, mar nei dat it ôfdamme waard stienen der yn myn skoaltiid twa wite peallen, sa dat er gjin hynder en wein lâns koe.
Werom dat se eartiids de tsjerke op it leechste plak fan it doarp boud ha is my net dúdlik; om it heech te meitsjen wie d’r fansels sân genôch yn Garyp. Faaks binne der guon dy ‘t der mear oer fertelle kinne. Krekt foarby de tsjerke wie noch in paad tusken de bruorren Hoekstra (eartiids Jelle H. van der Veen - Reinder Hoekstra) en de Buorkerij fan famylje Smedes. It waard letter it “Slodderreedsje” neamd, om ‘t er in protte ûnbrûkbere rommel hinne tôge waard en te sjen op in âlde kaart kin it ek noch wol it lêste stik fan ‘e Gravinneloane west ha, mar it waard troch ferskate boeren brûkt. Der lei fansels noch in weareld lân tusken tsjerke en Wide Ie. It sil eartiids meast blaugers west hawwe.

As alfde en lêste paad is wat letter neamd waard it “Suwâldsterpaad”. It is hjoed net mear foar te stellen, mar dat wie it paad om op ‘e “Stoeken” te kommen en mooglik ek nei Warten. Oan foarby Stapert (eartiids Zwaagstra - Idsardy - Terpstra - wetterskip de Wâlden) gongen jo rjochts ôf; wer ‘t de beamwâlen opholden stie foarhinne in hûs (der wenne Binne Hoogstins, in âld omke fan Jappie Hoogstins); it paad hat lang yn besit west fan ‘e famylje Hoogstins. It heucht my noch dat er foaroan by it paad in buordsje stie fan “EIGEN WEG” mei in artikel nûmer d’r by, mar dat wie letter.

Tidens de ieuwikseling 1800 - 1900 rûn it paad oer wat hege rêgen op ‘e Fonejacht oan; der lei doe net in brêge oer, en hie eartiids de namme fan it “Ald Djip” en makke wierskynlik fia de “Marsleat” en de “Ald Wei” de ferbining mei Earnewâld. Dit wetter hie doe noch in oare loop as no. At jo oer de brêge fan no ride kin jo noch sjen wêr of ‘t er de loop hie. Yn ‘e simmer gongen de boeren mei hynder en wein op in bepaald plak d’r dwers trochhinne, dit waard de Tynje neamd.

At it wetter heech wie leinen se takkebosken op de bûkberje, dat it hea mar net wiet wurde soe. Myn heit hat as jongfeintsje dat noch mei makke. De sylskippen hienen yn dy tiid noch net folle tonnaazje en ek net folle djipgong, dat dy koenen gewoan troch sile.

 

 

totop

Ofwettering

Yn ‘e midsieuwen wie d’r fansels noch gjin rioel oanlein en moast it oerstallige wetter op in natuerlike wize syn wei fine. Dat barde fansels it meast rjochting Wide Ie, dat wie in rivier dy ‘t útwettere yn ‘e Middelsee en moat streamt ha tusken Goutum en Barrahûs (Werpsterhoek), fia it “Skalkedjip” en de “Ald Feart”, ek wol “Alde Jokse” neamd (dy’t al ieuwen droech leit troch in oerstreaming yn 1600) rjochting Warten.

Yn om-ende-by 1300 moat de “Lange Meer” groeven wêze en ek de “Skipfeart”. It “Margriet Kanaal” is groeven nei 1856. Wannear as dat syn beslach krigen hat wit ik net; it sil wol jierren duorre ha, want alles moast mei kroade en skeppe dien wurde.

Yn Garyp hawwe se noch in pear wetterlossings werom fine kinnen wer ’t it fan ‘e hichten ôf nei ûnderen streamde. De earste wie in ôfwettering efter de Inialoane lâns nei wat no de âld Skipfeart hjit. Doe ‘t it hûs fan foarhinne Binne Wymenga (no Gjalt Berends Wymenga, âlde ansichten boekje 2 nr. 29 foaroan rjochts en karakteristyk Tytsjerksteradiel side 189) boud wurde soe en se de fûneminten grave woenen (mei in pear stek hienen jo meastal it sân) , moasten se ynienen 1 ½ meter djip om it sân te finen. Dat wie oan ‘e eastkant fan it hûs: it blykte noch in âlde wetterloop te wêzen. Myn heit hat er sels noch by stien te sjen.

In twadde moat fanôf de Tuije rûn hawwe nei de al neamde ôfwetteringssleat op it Tsjerkepaed. Dit paad rûn sa bot del dat op ‘e muorre fan foarhinne Sytse Kobus syn hûs in hichtemerk oanbrocht is hoe heech it wetter stien hat: 2.53 m. boppe simmerpeil en 2.11 m. boppe A.P. Faaks dat de Broeklannen har útwetteringen hienen oer de lettere Mounehoek.

Dan hat er mooglik noch ien west fanôf it Heechhiem (foarhinne Roel Theunis Wymenga - Jan Smedes - Jacob Smedes - Jan Smedes), no Klaas Jansma, nei de Kostersfeart.

Neist it Heechhiem hat noch lang in grêft lein (der ‘t ik as skoaljonge noch op riden ha) lyk foar de Kostersfeart oer. Dat er dermei yn ferbining stien hat jout it ferhaal oan dat de turfskippers oan de pastorijetún ta farre koenen yndertiid.

 

 

totop

Stinzen

Neffens oerlevering moatte er wol 14 stien hawwe, mar letter wurde er noch 11 neamd: Albada, Douma, Galama, Kinnema, Sixma, Voocklama, Wiarda, Amama, Skroetsma, Galgahiem en Solcama. Schotanus neamd yn 1622 noch 3: Solcamastate, Scroetsmastins en Galkehiem.

 

Oude Kaart GarypIt ferhaal seit dat Solcama letter omdoopt waard ta Hoogstins en Galkehiem ta Binnenrust. Scroetsma is net wer te finen, hoewol yn 1482 Jowte Scroetsma grytman fan Tytsjerksteradiel wie, en fan 1528 - 1531 in sekere Foeke of Feike Scroetsma.

Yn it boek Stinzen en States, skreaun troch Ronald Elward en Peter Karstkarel, stiet op side 12 in inket tekening fan in âlde stins te Garyp. It is tekene begjin 18-de ieu troch J. Stellingwerf en lei mei de Skierstins te Feanwâlden oan ‘e râne fan it stinsengebied.

De súdlike Wâlden wienen earm en koenen gjin haadlingen. Oan ‘t om-en-by 1500 bestienen se út grutte fjilden heechfean. Earst doe ‘t it yn ‘t grut en systematysk yn kultuer brocht waard, de ûndergrûn beboske en sa in moai lânskiplik karakter krige, kamen hjir ek adellike en sels foarstlike famyljes.

Yn de 18-de en de 19-de ieu binne de measten ferdwûn, oarsaak: útstjerren, ferhuzing b, g. mei stedhâlder Willem IV nei Den Haach, jildgebrek en de ôfskaffing fan it Erfrjocht yn 1811. Dertroch fersnipperen de eigendommen en rekken de stinzen yn ferfal.
Ut oerlevering ha ik weet fan ien en dat wie Lyts Inia State. Dy stie op ‘e pôle lyk foar Wibe Slofstra oer op ‘e Iniaheide. It moat yn 1669 boud wêze mei in dûbele grêft er omhinne. Myn pake Taede hat er noch yn wenne mar it waard op it lêst sa ‘n boufal dat er oan de oare kant fan ‘e wei in nije buorkerij setten hat. Jo kinne oan in gedielte fan ‘e grêft noch sjen dat er in stins stien hat. Yn ‘e pleats dêr tsjinoer wer ‘t no Wibe Slofstra wennet wurdt noch altyd in stien bewarre fan it âlde stinshûs, hy mjit wol 40 x 40x 30, en der stiet op “Dr. P. Inia heeft den eersten steen gelegd 1669”. Ik ha fan minsken heard dy ‘t it noch koenen út har berne tiid dat it in prachtich âld hûs wie mei in molkenkelder en hege rúten en myn omke fertelde dat er in pear hiele moaie hoekspinen wienen mei moaie lytse kleurde gleskes der foar. Ien soe it foar my úttekenje mar krekt letter is er ferstoarn. Dat no moat it by fantasearjen bliuwe. De Inia’s wienen ferneamde Lânjonkers; der waard ferteld dat se it eartiids te kedizen hienen fan ôf de Sustersweifeart oan ‘e Wide Ie ta. Wol is bekend dat it in ferneamde krûdedokter wie; hy liet de krûden dan sykje troch it heidefolk, dy ‘t him ek tige tagedien wienen.

 

totop

Hûzen en pleatsen, guon ôfbrutsen, guon wer boud.
Wa wenje dêr no en wa eartiids.

Easterein
Wy begjinne by Sumar wei. Ik ha al earder oanjûn dat it âlde kafee “de Koekoek” (kar.styk Tytsj.diel) by Garyp hearde, lyk as ek it stjonkfabryk, no Sonac; it is noch altyd “kadastraal bekend Gemeente Garijp”. Mar wer ‘t it my om te rêden is, wêr stie eartiids in hûs of pleats, dy ‘t no net mear te finen is ôf wat stiet er no.
Wer ‘t no teneistenby de stopljochten binne stie in lytse klinte, der wenne Sibe Vos. Doe ‘t de oarloch útbrekke soe en der grúte waard dat er aansen gjin tee mear te krijen wie, makke frou Vos tobben mei tee: sy soe net sûnder tee sitte.

It is ôfbrutsen foar de nije wei.

Op de pleats fan no Thomas Bylsma wenne yndertiid Bôke Algra; boujier 1833, earder bewenne troch Oebele Vries. Dizze Bôke wie boer, mar hy libbe as in patriarch sawol foar syn húshâlding, foar syn fee en foar syn arbeiders. It wie dan ek in bûtengewoan doarpsfiguer. Hy hie in grut fermogen oan lân krigen troch fererven, mar hy liet de pleats sels mar mei it heechst nedige byhelpe sadat it op it lêst nei syn dea benei in púnfal waard.

Hy hie 2 soannen en 3 dochters mar hy liet net ta dat se mei feinten as fammen thúskomme soenen. Mar ienkear is it him mislearre: ien fan de dochters krige sa’n pine yn ‘t liif dat se it út raasde. De dokter waard net gau helle mar moast no dochs mar komme; dy sei: dit is in sûne sykte, hjir komt in poppe. Wa at no bruid hie, hy of sy, mar der hie ien ûnder de tried troch fretten. Sadwaande koe letter dochs in pakesizzer de pleats keapje en hat him alhiel renovearre. It sil in geniet wêze om der yn te wenjen, mar it is al in geniet om him fanôf de dyk yn syn âlde hear en fear, fol fan swidens, stean te sjen.

Tsjin oer it hjoeddeistige K.I. gebou oer (no Piter Veenje) stie ek in pleats, bewenne troch Sjoerd en Bintsje Hoekstra. Is ôfbrând en net wer opboud.

Op it stee fan Nijhuis, earder Jitse Hoogstins, stie in twakeamer wente.

By “Binnenrust” bliuwe we even langer stean, want dat is ek in plak mei in rike histoarje. By de skoarstien stiet in jiertal fan 1812 , mar dat strykt faaks wol mei it hjoeddeiske stee, mar net foar it plak wer ‘t it stiet. In âld ferhaal seit dat it eartiids “Galkehiem” hiet, en op in kaart fan Schotanus fan likernôch 1700 dat de eigener “stimrjocht” hie; dat betsjutte dat it wol in man fan kwizekwânsje (ynfloed) wie. Hiel miskien is it ôfbrutsen west en yn 1812 wer opboud as “Binnenrust”. It is net mear nei te gean. Wol is nei te gean dat it teminsten fanôf likernôch 1869 oan 2000 oan ien famylje stam behearde, n.l. de Sibma’s en de Wymenga’s.

De pleats neist “Binnenrust”, no Geart R. Benedictus, is eartiids as “slotsje” boud en letter is der noch in skuorre efter kaam. Mar it gehiel hearde foarhinne allegearre by “Binnenrust”; der lei doe ek in brede grêft om alles hinne, wol in teken dat it fan âlds in fernaam plak ynnommen hat (boekje 1 nr. 29).

De woartels fan ‘e famyljestam lizze, foarsafier nei te gean, by Teede Douwes Sibma (kaam dy fan Aldegea? De namme Teede komt yn East- en Noard Fryslân noch faak foar en miskien ek noch wol yn Súd Jutlân). Dy wenne nei alle gedachten al op “Binnenrust” want syn soan Hermanus Teedes Sibma troud yn 1869 mei Dieke Roels Wymenga (fan ‘t Heechhiem). Hermanus stoar al yn 1877 en doe hat Dieke it “slotsje” yn it hôf der neist boud. Nei 3 jier troude Dieke wer mei Durk Koopmans en ferhuze nei Minnertsgea. Har broer Jan Roels Wymenga wenne doe fan 1877 oan 1885 ta op ‘e pleats, doe kaam Dieke werom en hat oan 1895 ta mei Durk wer buorke op ‘e pleats. Doe ‘t har soan Taede Hermanus Sibma troude mei Tryntsje fan Simen Oeges Hoekstra en Ynskje Riedstra út Sigerswâld en op ‘e pleats kamen, gong Dieke wer mei Durk nei it “slotsje”. Dêr hat se noch 10 jier wenne en stoar yn 1905 wêrnei Durk werom gong nei Minnertsgea.

Taede en Tryntsje lykwols wennen net sa lang op “Binnenrust”, want yn 1899 ferfearen se nei it stee fan har heit en mem yn Sigerswâld (no R. Hofstra), dy hienen wyls ek in soart slotsje boud lyk foar de Sigerswâldsterdyk oer. Om koart te gean: Taede Hermanus is jong ferstoarn (30 jier) en is Tryntsje by har mem ynlutsen mei har lytse bern. Letter is er in skuorre efter boud en sa is het kommen dat Hermanus Sibma boer waard yn Sigerswâld en soan Simen Sibma yn it “slotsje” neist “Binnenrust”.

Yn 1899 kaam Wybren Hoekstra, dy ‘t troud wie mei Hermania Maria (Marie) Sibma op “Binnenrust”. Letter noch syn soan Herman, doe Bareld Jacobi en as lêste Gerrit Kloosterman, dy ‘t wer troud wie mei Aafke Roels Wymenga. It is no út ‘e famylje, want yn 2000 is it ferkocht oan feedokter S. Boerema, dy ‘t nei myn betinken de pleats safolle mooglik yn goede steat hâlde sil, want “Binnenrust” is it wurdich.

Op it stee fan Hennis stie in lyts boerespultsje fan Ielke Spoor, komelker en gernier, ôfbrutsen.
Op it stee fan Gjalt Benedictus stie ek in lytse wente der ‘t yndertiid Jan Meindts Deelstra yn wenne en ek bekend stie as hynsteslachter. Letter wenne der Hindrik Dykstra, dy sútele mei peteroalje (hoe it verder met pijpje drop vergaat, staat in de volgende automaat). Hy hie twa hûnen foar de peteroaljekarre. Harm en Berber Timmermans ha der lêst yn wenne.
Op it stee fan Simen Spoelstra stie ek in hûs en nei dat se sizze moatte der wol trije húshâldingen yn wenne ha. Ik wit allinne fan lytse Romke Wymenga, feekeapman (âlde ansichten boekje 1 nr. 27).

 

Ielke Boonstraloane
Op it stee fan famylje Klein wennen earder Anders Jouwerts Wagenaar en Wytske de Jong, dernei Abraham Deknatel, Jacob Douma, Jan Eisses, dy ‘t neffens my der in nij hûs op set hat.

Thomas Wobma hat in nij hûs boud op it âlde stee fan syn skoanheit Folkert Formsma. Folkert ried eartiids mei in molkauto foar de Leymf nei Drachten.

Der moat noch in hûs yn dy buert stien ha, wer ‘t ek myn neef Oebele A. Smedes yn wenne, (earder Jan Couperus en Tryntsje Joekema) neffens oerlevering moat it stien ha op it kampke lân noard fan Thomas Wobma. Op it hiem fan Siegers hat ek in hûs stien (Gerrit Bouma - Geart en Gepke van der Wal - Johannes Hoogsteen - ôfbrând).

Op it stee fan Johannes van der Wal wenne yndertiid Michiel Westra, dy hannele yn swarte brânje (swarte Michiel) en peteroalje en hie ien ko.

It ferhaal giet dat doe ‘t de ko op in moarntiid dea lei, hy noch trije dagen probearre hat de lêste molke der út te krijen. Wert no famylje Tiemersma wennet (yn ‘e boskjes), wenne eartiids Hein en Siets de Vries; no hat soan Wierd in kraanbedriuw op in kamp lân der achter.

 

Werom nei de buorren.
De trijesprong Greate Buorren - Easterein - Brandsmaloane hiet eartiids Koutenburch.

Dat moat in iepen plak west hawwe wert Sigeuners en oar folk mei har wenweinen soms wiken tahâlden.

Se kamen meast oan ‘e kost mei hannel yn negoasje en it gappen wie har ek net frjemd: se moasten like goed troch de tiid as in oar. It plak is no fol boud; fuort links boude Jan P. Smedes sr. in kant hûs, rjochts boude Petrus Jac. Boma in deftich hûs, letter bewenne troch master Mulder, doe master Van der Veen en no Geart Benedictus.

Neist Smedes waard in slachterij boud, earst bewenne troch Hantsje de Groot, letter Haringa, dernei Jan Sibma. It is no in gewoan wenhûs en is lang bewenne west troch gemeentesiktaris Rinse Formsma. Op ‘e steeën fan H. Pander en Joop de Graaf stie in pleats (Jan Kloosterman - wie allinne bekend as Kanne fan Jan Bijkes - Sytse Kloosterman).

Hjir neist wenne yndertiid Adolf Hoekstra mei syn frou Roelofke Smedes, dat wie in suster fan myn pake Taede. No wennet Reinder Wijma der. Adolf wie skroar (kleanmakker) en siet boppe op in tafel foar it rút de maatpakken te meitsjen. Syn jonges seagen der gjin brea yn, no ‘t de konfeksje pakken mar foar it útsykjen wienen.

De iene, ik miende fan Gjalt, woe ferver wurde en derom sette heit Adolf op ‘e tún neist syn hûs in nij hûs mei in fervershok. Neidat Gjalt ferhúze wie, nei Dimter nei ‘t ik mien, wert er mear ekspânsje seach, kaam Simen Spoelstra der as ferver te wenjen mei syn frou Kniertje Kaptein. Simen wie de oansetter fan no it skildersbedriuw Spoelstra oan ‘e Eendrachtswei. In oare soan fan Adolf, Taede, wie letter bûtermakker yn it molkfabryk fan Garyp.

Hjir tsjinoer wenne Frâns Joekema, dy wie timmerman, mar dy ‘t ik oars net kend ha as stoker fan de sintrale ferwaarming yn ‘e skoalle. Dat wie yn ús tiid al hiel modern. Oan de westkant fan it reedsje wenne destiids Herman Formsma, hy wie in soan fan Jacob Formsma, âld mûnder fan Sumar. Hy wie earste bûtermakker yn it molkfabryk en waard nei 40 jier yn 1949 keninklik ûnderskieden mei de “Eremedaille verbonden aan de Orde van Oranje - Nassau in zilver”.

Wat no de kappersaak fan Douma is, wie eartiids in kafee; kastelein wie yndertiid Jan Romkes Kloosterman en ik mien dat hy de pake wie fan Jan Kloosterman fan ‘e Tuije. Mar it kafee stie lyk foar de skoalle oer en dat joech neffens inkele notabelen fan Garyp gjin foech, de bernesieltsjes soenen der troch bedoarn wurde, dat se kochten mei-inoar Jan Romkes der út. Der moast doe in hierder socht wurde en dy fûnen se yn ‘e persoan fan Jacob Douma. Dy wenne yn “Vrijburg” op ‘e Mounehoek en wie sigaremakker by syn omke yn Drachten, mar yn syn frije tiid wie er barbier en hierknipper. Dy begûn der in kappersaak yn, neidat er earst de klandyzje fan Tsjeard Skuonmakker (Van der Wal), dy ‘t ek barbier wie, oerkocht. Syn soan Teade folge him op en no swaait syn skoansoan Reinder Herder der de skjirre.

Op it plak fan no It Geahûs stie de Kristlike Nasjonale Skoalle boekje 2 nr. 25) wer ‘t ik sân jier fan myn libben sliten haw yn ‘e tiid fan master Botte Visser - Jan Stellema - Pieter van der Meer - Gerke Bergsma - Ype Mulder - Aan van der Meulen - Griet Lepstra en juf Keuning.Wy koenen se allegearre by de foarnammen mar út respekt sprutsen we har der net mei oan. Doe ‘t master Visser yn april 1940 mei pensjoen gong bin ik ek opstapt; hy wie haad fan ‘e skoalle en wenne yn it skoalhûs, dat is letter ôfbrutsen en makket no diel út fan It Geahûs.

Om de skoalle te bouwen waard er yn 1864 in ynsamling hâlden dy’t ƒ 2.300,- opbrocht, in protte yn dy tiid. Tsjiske fan Hoogstins skonk de Halbekamp, en timmerman J. Kroes boude de skoalle en de masterswent foar ƒ 2.675,-. Neistenby 1890 waard de skoalle útwreide oant 6 lokalen en letter noch oant 8 lokalen, alles sûnder subsydzje. No stiet it doarpshûs “It Geahûs” der. In ynsamling yn 1974, dus 110 jier letter, brocht ƒ 41.000,- op en waard boud mei in Rykssubsydzje fan in miljoen gûne.

De pastorije fan no dûmny Adema (foarhinne Groenevelt - Rooze - Kamper - Keizer - Van Harmelen - de Ruiter - Reeskamp - Minnema - Rulman - Wisse) is nei it ferstjerren fan dûmny Minnema yn 1939 ôfbrutsen en is der in nije pastorije boud dy ‘t yn 1940 klear wie. Dûmny Minnema hat 28 jier lang syn stimpel drukt op ús doarp. De minsken seinen hy koe dwers troch jo hinne sjen en sa as hy it sei, sa wie it. Bekend is syn útspraak tidens in preek, doe’t er sprake wie om op snein de molke te leverjen: “Op de dag des oordeels zullen de koeien tegen u getuigen”. De molke waard net levere.

Dan komt de Andreastsjerke, dat wie foarhinne de Grifformearde tsjerke, boud troch dy Garipers dy ‘t mei de Doleânsje har fan de doetiids Herfoarme tsjerke ôfskieden hienen. Eelke Algra, de pake fan Jouke Algra, hat yn 1889 it tsjerke gebou der delset (boekje 1 nr. 25), mar yn 1906 moast it al fergrutte wurde.

Yn 1932 kaam der noch in grutte útbou oan rjochting de pastorijetún, mei in grutte kreake der boppe; dat waard doe it nije ein neamd. Yn ‘e oarlochsjierren ’40 - ’45 en ek noch inkele jierren dernei, siet it gebou twa kear sneins grôtfol. Yn 1962 hat de lêste ferbouwing west, en hat it in mear eigentiidsk oansjen krige.

De grutte kreake is er útgong, oare banken binne der pleatst, de âlde kachel mei it skerm en de lange pipen waarden ferfongen troch in moderne fliersferwaarming.

De kosterswent, dy ‘t foarhinne achter de tsjerke stie, waard ôfbrutsen en in moetingsrûmte mei rûme lokalen kamen der foar yn ‘t plak. Nei myn beste witten wie de earste koster Wierd Postma en ik tink dat it de pake of in omke wie fan Wessel Postma.

Op it plak wer ‘t no in parkearhaven is stie foarhinne in pleats, dy ‘t yn myn jongestiid bewenne waard troch Arend Sjoerds Hoekstra, dy ‘t 16-05-1895 troud wie mei Albertje Joukes Bosma en dernei de skoansoan Lút Beetsma (is letter emigrearre), letter hat Gerrit Pander der ek noch wenne (boekje 1 nr. 17 âlde ansichten). Greate Buorren voorheen

Der rûn in brede grêft omhinne wer ‘t wy as skoaljonges wol op “skoskerûnen”. It is boud yn 1801 troch Jan Clasis Hoogstins en wierskynlik hat der eartiids in stins stien.

Om 1900 hinne stie de grêft noch yn ferbining mei de Skipfeart, by de wei lâns, mar is letter ôfdamme en waarden der twa hûzen boud:

Ien foar master Hoekstra, rûn 1935. Hy wie in soan fan Hattum Hoekstra, in broer fan Lieuwe Hoekstra, dy’t boer wie op “Feanhúzen”. Troch dat er as jonkje harsensfloers ûntstekking hân hie wie er lyts en miswoeksen en hie in lamme earm, mar hy hie o sa niget oan ‘e natuer en derom ried syn neef Eelke (bakker) Hoekstra Sr. simmerdeis mei him foar op ‘e pakjedrager fan ‘e transportfyts nei Earnewâld; syn frou Aukje en har suster Tryntsje hawwe er nei syn ferstjerren noch jierren wenne, (frou Timmermans wennet er no)

En in doktershûs (om-ende-by 1925). Dokters wienen: Schönfeld - Schortinghuis - âlde Heeringa - jonge Heeringa - Groeneveld - de Vries - Amelink. (foarhinne moast men nei dokters yn Burgum: Hingst - Hornstra - Brouwer).

Yn myn skoaltiid is it hûs boud fan no Wytse Mulder en de Haan. Roel Gjalts Walda hat it boud as ferver saak, dernei oernaam troch in sekere Brandsma. Hy wenne oan ‘e kant fan Mulder en oan ‘e oare kant wenne de widdo fan Jan Sipkes Algra mei dochter Tryntsje.

Letter kaam der Bouke Jeeninga te wenjen, dy hie himsels opwurke ta feedokter, letter ferfongen troch Goedemoed, dy kaam fan ‘e “feeartsenij” skoalle. Dy wie wol gelearder dan Jeeninga, mar de ried fan Jeeninga wie faak betûfter. Feikje Jeeninga hat er ek noch in toskedokter praktyk hân.

Der tsjinoer wenne eartiids Jan van der Meulen sr. Doe ‘t myn mem der yndertiid as faam tsjinne en mei hynder en wein te melken giene, wie se altyd dea benaud dat de wein rjochtút ride soe yn ‘e grêft (letter bewenne troch: Durk van der Meulen - Jan van der Meulen jr.) (Boekje 1 nr. 24). No is it boubedriuw fan firma de Haan der festige en wennet Gerrit Jan de Haan yn it nije hûs.
Derneist hie Karel Hoekstra in fytsen saak mei letter in autogaraazje en radio’s en in benzinepomp (letter Lieuwe Hoekstra - Foppe Lykelema mei Cor de Vries - Aan Pander mei de molkwein - Anne de Boer ek - no famylje Pronk) (boekje 2 nr. 18).
Wer ‘t no it dûbele hûs stiet fan Teade Douma en Alie de Haan hie foarhinne Hindrik van der Veen in winkel yn fan alles, sa raar koenen jo it net betinke of hy hie it (boekje 1 nr. 22 en 23)
Letter wenne der widdo Talstra, better bekend as Einte Akke - Piter en Joukje Boonstra - Sytse van Houten.
Der tsjinoer wie it paad nei it Pakhûshiem, der stienen in mennich lytse dûbele wenten mei ien pomp yn ‘e midden. Hoe of dy krekt stien hawwe wit ik net. Doe ‘t myn heit en mem troud binne ha se der in pear jier wenne (1917). Yn myn jongestiid stie der noch ien fan, net sa fier fan ‘e wei. Yn ‘e efterein wenne Harm Oosterman en foar Piter pinub, dat wie in skelnamme. In pinub wie in lyts raapke en om dat er sa lyts wie neamden se him sa. At de jonges him útskolden kaam er nei bûten, slipe it mes op ‘e muorre en rôp: “ik snij jim oan repen”. Fierders hawwe der noch wenne: Ljibbe de Vries, Jan van der Zwaag dy ruile mei Foppe en Iet, Simen Kootstra.
Dêrneist stie in boerepleats mar waard al gau in timmersaak. De earste timmerman hat wierskynlik in Nijhuis west, ik haw oars net witten as dat Gerrit de Haan der timmerman wie, de stichter fan no boubedriuw de Haan. No wennet Gerrit Elzinga der yn mei syn moalhannel. Hjir tsjin oan, lyk op ‘e hoeke fan de Eendrachtswei , hie Hindrik Oedzes in bakkerij. Doe’t Oedzes fanwege sykte en leeftyd net mear koe en de bern safolle bakkers yn it doarp net sitten seagen, is it ôfbrutsen en hat Gerrit Elzinga it by syn hiem lutsen.
Skean hjir tsjinoer stie ek in buorkerij dêr’t eartiids in Riedstra yn wenne(dat wie in omke fan Hermanus en Simen Sibma, de soannen fan Teade en Tryntsje) en letter Gerlof Hoekstra, is ôfbrutsen en no steane der twa hûzen op itselde hiem: Oebele Herder en Lammert Wolters wenje der no.

De winkel fan Syb Bylsma (earder Sytse van Houten - Hengst) wie foarhinne in sûkereifabryk en teffens in mealderij foar rogge ets. fan Klaas Gorter. Yn myn skoalletiid leinen d’r noch twa grutte mealstiennen efter hûs. Hiel wierskynlik waard ien en oar oandreun troch in stoommasine (boekje 2 nr. 15 en 26).

Efkes fierder de Eendrachtswei op stiet noch in boerepleats; eartiids buorke der Hillebrand Veenje, de foarfaar fan alle Veenjes yn Garyp. Dy koe mei de pream mei hea oan ‘e skuorre doarren ta farre (boekje 1 nr. 21der ha jo it sicht op ‘e Greatte Buorren, noch gjin hûs te sjen, yn tsjinstelling mei boekje 2 nr. 27). Letter hat Gosse Bies der in brânjehannel hân.

Yn it hûs derneist, op ‘e hoeke, wenne Ite Slofstra, dy wurke op it molkfabryk en syn frou hie in hoedzje winkel. Hy wie de heit fan de bekende musikus Jan Slofstra. Op ‘e útein stie it molkfabryk “De Eendracht”, stifte yn 1895 (direkteuren Anema - Riedstra - Jellema - Hofman) en wer slúten om-ende-by 1965 troch fúzje mei Burgum. It is faak út- en ferboud (boekje 1 nr. 18 en 19 en boekje 2 nr. 16), de Haan hat er no in R.V.S. fabryk.

Fuort achter no Syb Bylsma, wert no Ewoud Spoelstra wennet, wenne syn pake Thomas Spoelstra. Dy ried mei de sûpe en brij wein, mei in kedde er foar. By de Betonbrêge, ôfslach Polderdyk, bruts it stokramt fan de karre en op ‘e kedde nei kúkele de hiele boel yn ‘e Sustersweifeart.

 

totop

Greate Buorren - West
Foart links op ‘e hoeke stie in bakkerij, froeger Terpstra - Bos - Dykstra - Dykstra - Postma. Derneist hienen Wibe en Jacob Bosma in winkeltsje (boekje 1 en 2 nr. 16 + 14). Dan krigen jo bakker Krol, letter Wierda dy ‘t nei dat it ôfbrutsen wie noch in bungalow op it âlde stee sette liet wer ‘t op in âldjiersjûn safolle om te dwaan west hat. As jonkje ha ik bakker Krol noch kennen mei hynder en kapwein, wer ‘t er syn negoasje mei by de streek brocht. Oan it kafee ta is no alles ôfbrutsen.
Rjochts nei it Tsjerkepaed stiene trije karakteristike diakenij wenten út ‘e 18-de ieu, ek ôfbrutsen (boekje 2 nr. 13). Derneist stie in hiel âlde boerepleats, wierskynlik om-ende-by 1700 boud. Dizze wie yn eigendom fan Binne Wymenga, letter Ate Wymenga, doe Lútsen Wymenga, dy brûkten dat foar harren moal en oanferwante hannel. Sels wennen se yn in hûs der tsjin oer. Yn it wenhûs fan de pleats wit ik noch dat de skoanâlden fan Roade Hoekstra der wennen. De skuorre doarren hienen in iepenbiere funksje. Doe ‘t de mobilisaasje yn 1939 oankundige wurde moast, plakte plysje Van der Leest mei in kwast en in pot stisel grutte plakkaten op ‘e doarren. Der stie û.o. op wat fan lichtingen har melde moasten en dat er in foardering hâlden wurde soe fan hynders oan de Achterwei yn Sumar. Elk dy ‘t in hynder hie moast der komme te keuren, foer foar in dei meinimme. Binne Wymenga hannele yn syn tiid al op ‘e beurs yn Ljouwert en neffens myn muoike hie der syn klanten oan ‘t yn Boksum ta. (boekje 2 nr. 12).
Krekt foar de herberch links stie in hûs mei in foar- en in achterkeamer: foar wenne Joh Boonstra en achter Wierd Fennema mei syn Sjoerdsje; dy wienen ús tiid al fier foarút: sy wennen 80 jier ferlyn al “samen”. Achter dit hûs stie noch in went en der wenne frou Lipkje de Jong – van der Wal.
Dan krije wy de herberch “Unicum” dy ‘t no ticht is. Hat altyd jierrenlang it byld bepaald fan Garyp (boekje 1 nr. 6 en 14 / boekje 2 nr. 30 en 31 en karakteristyk Tytsjerksteradiel 1993 side 193). Yn 1881 wenne der Marten Douwes van der Zee, mar yn de tiid fan eigener Dykstra (1904) is it op 12 augustus ôfbrând, wêrby ek de hynst Einar omkommen is, en wer opboud. Letter witte wy fan Wybren Wartena, van der Zijp, Jaap Hamburg, Cor de Vries, Berend Wymenga, Marten Hoeksma, Wiebe van der Veen, no wennet Thie Lycklama á Nijeholt der yn en is it gjin herberch mear. Rjocht tsjinoer wennen eartiids Petrus en Piet Elzinga (boekje 1 nr. 6 en 14), neffens myn witten hienen dy it postkantoar. Letter wie Van Essen postrinner. Kornelis van der Velde hat op dat stee letter in lapkewinkel delset (boekje 2 nr. 31). It postkantoar is doe ferpleatst nei it Tsjerkepaed.
Foart neist de herberch wenne Johan Weima, dy wie fearskipper en foer in pear kear wyks mei frachtboat op Ljouwert. Letter syn soannen Jelle en Eise.
Derneist wie de “Hûnesteech”, no Singel, der wennen twa klompmakkers: earst Wierd Hoogsteen, letter syn soan Jitse (wie ek in betûft aaisiker) en Adolf Dykstra, no it stee fan Jurjen de Vries. Adolf Dykstra wie in man mei in protte kwaliteiten: neist klompmakker wie er korpsdirigent en slúte fersekeringen ôf, ien en oar barde mei de “stoomfyts”. Letter wie der ek noch begraffenis boade. Op ‘e ein fan ‘e Singel wennen eartiids Melle en Tsjet Pebesma. Neidat Melle mei de bargewein ferûngelokke wie, troude Tsjet letter mei Jouwert Wagenaar. Neist Jan dy ‘t fan Melle wie, krige Tsjet doe noch twa jonges: Gauke en Aalzen. Dizze famylje wie hiel bekend troch har fuormanjen. Alles wat mei hynders ferfierd wurde moast wienen se treast. By ‘t winter hienen se faak trije hynders foar de trijehoek om de wei in bytsje sniefrij te meitsjen. De grutste ûnwillige smearlappen hienen se der faak foar. Hjoed wennet famylje Kok der.
Werom nei de Greate Buorren, rjocht foar de Singel oer stiet in it pân dat ik oars net kend haw as in ferversaak (boekje 2 nr. 31 yn ‘e midden). Gjalt Walda, Hindrik Walda, W.K. Koopmans, H. van der Meulen, no Veenje. Even fierder links wie yn myn jongestiid de Boerelienbank, wer ‘t ik as jonge myn earste sparsintsjes hinne brocht en in sparbankboekje krige. Jan (bank) Bouma wie kassier. Letter Bartele en Dietsje Feenstra. Bartele hie twa beheinde skonken, mar hie in goed ferstân, hy wie earder boekhâlder op it molkfabryk. Doe ‘t er in nij bankgebou kaam neist It Geahûs hat er noch in toskedokter syn praktyk hân. Der wennet no in Dykstra yn.
In pear hûzen fierder wennen twa broers neist elkoar: Hindrik en Keimpe Kuipers (boekje 1 nr. 5 en boekje 2 nr. 8 - 9 - 34). Hindrik wie stelmakker (weinmakker) en Keimpe wie smid. Wer ‘t se krekt wei kamen wit ik net mear; wol wit ik dat Hindrik âlderling wie yn ‘e Grifformearde tsjerke en Keimpe yn ‘e Herfoarme. Se bouden de karrossery foar karriders en foar Boekema‘s autobustsjinst út Warten. Hindrik makke ek de boereweinen en Keimpe smeide de izeren hoepen om ‘e tsjillen. Ek wienen it ferneamde reedmakkers: Hindrik makke de houten en Keimpe smeide it izer. Fan gearwurking sprutsen! Yn Hindrik syn hûs wennet no Oppedyk en yn dat fan Keimpe frou Tsjitske Smedes - Talman. Skean tsjinoer, no bar - kafee de Beuk, wenne eartiids Sikke - Teats, fan komôf wolstelde lju mei in koetshûs en glêzen wein, mar troch dat de jonges der wat nuver trochbrûsden op it lêst op swart sied. Willem Gorter hat it letter kocht en makke fan ‘e grutte keamers sealrûmte foar gearkomsten en boude op it plak fan it koetshûs in brulloftsseal. Myn frou en ik ha dêr yn 1949 noch brulloft hâlden. Letter hat Taede Y. Smedes der noch in fytsmakkerij yn hân. No wenje Tsjalling en Jantien der yn, dy hat er in barkafee fan makke en yn ‘e fytsmakkerij is no in snackbar.
Derneist wennet no Adolf Raap, foarhinne Watse Plantinga de karrider (frachtrider), dêrfoar W.K. Koopmans (ferver). Ik wit noch dat doe ‘t frou Koopmans slim siik wie er sân op ‘e dyk lei mei in buordsje “stapvoets tot om de hoek”. Der wer neist hat yndertiid Tsjeard van der Wal in skuonmakkerij hân dy ‘t letter oernaam waard troch Klaas Atema en syn suster Janke, beide frijgesel. Klaas wie as jonge út in hege beam fallen en hie der in miswoeksen foet oan oer hâlden. Klaas wie skuonmakker en learbewurker en Janke die de skuonwinkel wer ‘t dan no Jurjen Postma wennet. Jan de Boer, feint by Klaas, hat er ek noch wenne. Lyk op ‘e hoeke hie Douwe van der Zee in timmersaak (boekje 1 nr. 13). Ofbrutsen yn 1935. Rjocht hjir foaroer, neist de Tuije, stie noch in moaie boerepleats dy ‘t ek noch by de Greate Buorren hearde, boud twadde helte 1800. Om-ende-by 1900 wenne der in Reinder Wymenga; ik bin wol wis dat it Meint Wymenga syn pake wie (boekje 2 nr. 8). Jan Atzes van der Zee hat it yn 1970 kocht, ôfbrutsen en er in moderne bakkerij delset, dy ‘t nei ferskate útwreidingen troch syn soannen Atze en Oege no hyper modern bylket.

 

Inialoane
Hjir is in hiel soad feroare, ek noch yn myn jongestiid. Fuort rjochts wennet no Aan Pander mei syn grientewinkel. Eartiids wenne der Wiebe Veenstra, die hannele yn klompen, kofje en tee, blaukile lapen en sa mear. Hy hat wol in pear spikers hân tink ik, want hy hat it hielendal ferboud (faaks wol nij boud ) ta in foar dy tiid in prachtige lapkewinkel en syn soan Johannes Veenstra sette it letter fuort. Doe ‘t dy emigrearre naam syn reizger Jelle Kievit it oer en nei dy syn ferstjerren kaam er in motorfyts hannel yn, mar dat smiet net genôch op en hat Aan Pander it kocht (boekje 1 nr. 31).

Ien hûs fierder, no de Iniabar, wenne yn myn jongestiid Foppe en Iet, dy hiene der in snobberswinkel. Iet koe alle kanten om: hja lake mei it iene each en gûlde mei it oare. In protte sinten dy ‘t foar Effatha ornearre wienen binne troch de bern der omset yn snobbersguod. Doe kaam Jan van der Zwaag er yn, dy wie meubelmakker en ferkocht se sels. Us earste meubels hat Jan makke. Letter hat er in krúdenierswinkel yn west fan Lieuwe de Jong en hawwe der in mennich barhâlders yn wenne (boekje 2 nr. 32).

Der tsjinoer wenne eartiids Feike Visser, dy hannele yn peteroalje en winkelswaar (soe hjoed net mear mei-inoar op gean, (boekje 1 nr. 32 ). Neidat it yn 1925 ôfbrutsen wie hat Douwe van der Zee der om-ende-by 1935 in timmerwinkel op set.

Yn 1964 begûn Taede H. Smedes der in boere-ark en izerwinkel, letter Wâte Smedes, no Auke Rienstra. Dêr nêst stie yndertiid it hiel âlde boerespultsje fan Jippe Braaksma. Dy hie de romte fan wol trije grutte keamers; der wennen meastal minsken yn dy net folle te besteegjen hienen (boekje 1 nr. 31 en 2 nr. 32 + 33) Jippe hie in bochel; wy as jonges hienen it dus altyd oer Jippe bult. Nei Jippe syn ferstjerren koe it ôfbrutsen wurde, want it besloech krapoan de helte fan ‘e Inialoane, en hat Wybren Kooistra der in krúdenierswinkel boud en binne der fjouwer ûnder ien kap wenten boud. Yn it winkelhûs wennet no Anne Heidbuurt.

Even fierderop stie in âld hûs by de wei lâns mei keamers, yn it iene wenne Jan Jelles Dykstra (in lyts mantsje mei in bochel) en yn de oare in âld izer en fodde keapman Sjoerd Kobbe neamd. Foartiid hawwe der ek noch wenne: widdo Gjalt Roorda, de mem fan Andries (koster en Begraffenisboade) en widdo Aaltje Fokkens - Veenstra, it gouden wyfke neamd.

Nei dat it ôfbrutsen waard wie it de tagong nei de smidderij fan Ulbe de Haan, letter oernaam troch firma de Haan. Der neist hie Frâns Miedema in ferversaak op nr. 11, letter wenne der Feike Zwager dy hie romte makke foar syn soan Harm van der Veen. Se hienen earst in frachtriderij op Ljouwert en Drachten (boekje 2 nr. 34), letter hie Harm in taksy bedriuw, no wennet Haarsma der op nr. 13.

Myn heit en mem hawwe letter noch op nr. 11 wenne, doe wienen d’r noch doarren dûbeld dik fan ‘e ferve der ‘t Miedema de kwasten op útstrutsen hie. Skean der tsjinoer hat Germ de Graaf noch in grientewinkel hân, wylst eartiids ek de Boerelienbank der in ûnderkommen hie. Der stiet no in nij hûs op.

Op it stee fan Wieke de Haan en Karel Sibma stie ek in hûs by de wei lâns, der wenne Piter Adema mei syn soan Jan, dy hannelen ek yn peteroalje. Ik ha Piter noch kend dat er de skoalle skjin makke. Doe ‘t de skoalle 75 jier bestien hie en dat yn ‘e tsjerke betocht waard, sette hy syn swarte sneinske klompen foar de preekstoel, gong op sokken nei boppen en die in moai ferhaal wat hy as "waterputter en houthakker" yn skoalle belibbe hie. Hy koe prachtich moai sjonge, wie ek lid fan it mannekoar destiids (boekje 2 , foarste rige twadde fan links); hy song op strjitte faak psalmen al rinnende wei en seach dan altyd nei boppen. "Pieter kijk in de lucht" wie dan ek syn bynamme. Syn soan Jan wie net in folweardige kearel, seach min en koe ek net folle út it strie sette; se neamden him dan ek Jan pieler.

Dan stie der in ein neat en kaam der op it stee dat oan Hans de Haan syn hûs fêst boud is in arbeidershûs en der wenne yndertiid "Izeren Brand", dat wie myn pake fan memmekant. Ik ha der yn myn earste skoalle jierren faak iten: alle dagen minne jirpels mei spekfet. Wert no Hans de Haan wennet stie in arbeidershûs mei in skuorre. Der wenne lytse Remmelt de Haan en letter Auke pypke. Auke hie in ko of twa en it lân lei op it plak fan ‘e âld húshâldskoalle yn ‘e Westerein. De jarre brocht er der hinne mei de kroade en kaam werom mei in kroade mei gers, it pypke yn ‘e hoeke fan ‘e mûle, der sieten faaks noch in pear oerbleaune tosken; ik haw him noch faak toffeljen sjoen.

Yn it hûs fan Foppe de Vries wenne Gauke Jansma. At er sels slachter west hat wit ik net, mar hy boude wol in nije slachterij foar syn soan Hindrik, letter Tobias (Toop), wer letter Jan Sibma - Romke Wieringa en no Pals Wagenaar.

Op it stee fan Sjoerd Wagenaar (timmerbedriuw) wenne eartiids Roel Jans Wymenga, dy hie wat fee, hy hannele der wat yn en hy slachte ek. Dat hûs is mear as ienkear ôfbrând.

Oan ‘e oare kant it paad dat earder op Feanhúzen útkaam wenne Kornelis Herder, dy hie der in krúdenierswinkeltsje (boekje 1 nr. 33) en hy wie boere-arbeider yn Sigerswâld. Der stapte er elke moarn hinne. Hy hie it kocht fan Lieuwe Hoekstra, dy hie boer west op Feanhúzen, mar troch in sykte moast er syn skonk misse, koe dus net mear buorkje en begûn in krúdenierswinkel. Syn soan Eelke (boekje1 nr. 33) boude letter in bakkerij oan de oare kant fan ‘e wei.

Nei Kees Herder wenne der Albert Dorenbos (Klompehannel), Jacob Procee (lapehannel), Taede Y. Smedes (fytsmakker).

Even fierder wenne Jan Nijhuis sr., dat wie in dûbele wente, letter bewenne troch Wessel Nijhuis. Nei dat it ôfbrutsen waard hat Jan Nijhuis jr. er in nij hûs wer boud. Wessel wie tige bekend as kealle keapman en needslachter. Op it plak fan it slachthok leit no it nije Feanhústerpaad.

In moai ferhaal is er fan ‘e soan fan de stasjonssjef fan Sumar út 1919 oer kealle keaplju, hy neamd dan de bruorren Stelwagen: Joeke, Wibe en Lolke, fierders Wessel Nijhuis, Sjoerd Haarsma en Richard van Lunzen. Se hellen de keallen mei de fjouwer poaten oaninoar bûn yn in grutte koer foar op de transportfyts by de boer wei (ik haw dat as jonkje noch faak sjoen), laden se dan op ‘e hûnekarre en rieden dermei nei it tramstasjon. Der waarden se woegen op in houten baskule en gongen mei de tram nei de slachterijen. At it net út kaam mei de wichten dan setten se syn lyts suske der by op en lutsen har gewicht d’r letter wer ôf.

Oan ‘e oare kant fan ‘e wei, op ‘e hoeke fan no de Singel, boude Kornelis Herder letter in nije winkel, letter Oebele en Eeltsje Herder, doe Piter Herder en no hat Henk Marinus er in pianohannel yn.

Der neist boude Kerst Nijdam in slachterij, no bewenne troch Sake Nieuwenhuis. Eartiids stie allinne de bakkerij fan Eelke Hoekstra der (boujier is my net bekend), skoan is te sjen (boekje 2 nr. 35) dat er oan it hûs fan Joh. Postma ta, no Wessel Postma, gjin hûs stie. Joh. Postma wie gernier en stuolmatter. Hy sútele syn grienten faak mei in skou fanôf it Sker oan Aldeboarn en Akkrum ta.

Fuort oan ‘e súdkant fan Wessel Postma wie ek in "voet- en kruipad" wer ‘t boer Van der Woude syn molkbussen oer nei de Inialoane kroade. Postma hat dat er letter by kocht.

Der moat noch al even meld wurde dat tusken Postma en Hoekstra, Tsjeard Tsjeardsma, dy’t troud wie mei Minke Kuperus, in winkeltsje bouden, neidat se earst it húske boud hienen dat wy kenne as Inialoane 73. In ferneamde soan is Pieter Tsjeardsma, foarhinne boargemaster earne op ‘e klaai. Hy wennet no yn Beetstersweach.

De ferneamde master Lub wenne wert Gerrit de Haan mei syn buorman wennet. Dat wie eartiids ien hûs en hie Pa Lub it foar himsels mei in grut apelhôf der achter.

Dize master Lub hat fan grutte betsjutting west foar ús doarp; hy hat jierren lang haad fan ‘e Kristlike skoalle west. Foar dat er yn Garyp kaam, hie der him alhiel wat ôfspile. Hy wie skoalmaster op ‘e iepenbiere skoalle yn Inkhuzen, mar hy bidde altyd foar de klasse en derom moast hy him foar de kantonrjochter ferantwurdzje.

Dy sette him foar de kar: of net mear bidde of ûntslach. Ta fernúvering fan de rjochter sei er dat soks nea net slim wie, want hy hie de beneaming as haad fan de krekt oprjochte Kristlike Skoalle yn Inkhúzen. Dat fûnen se yn Garyp wol in man mei karakter dat yn 1866 waard er hjir beneamd (beroppen).

Nei noch tuskentiids haad yn Oldebroek west te hawwen hat er yn 1909 ôfskie nommen fan ‘e skoalle, mar is hjir wenjen bleaun oant syn dea yn 1922. It wie in singelier man. Inialoane 43, hat master Hoekstra (earder neamd) earst wenne en letter Berend Staphorsius, dy’t bekend wie om dat er mei koffers mei lapkeguod by de streek gong. (boekje 2 nr. 3). Hy kaam fan de selde stamme as de dûmny ‘s dy’t foarhinne yn Garyp stien hawwe.

As wy by Wessel Postma de wei wer dwersoer stekke komme wy by it smûke hûske fan Bart de Jong, neffens in stien yn ‘e muorre boud yn 1843 troch K.J. (Joekema ?), wat froeger de helte lytser wie.

Ik bin berne yn 1927 en doe wennen myn âlders der. Der wie doe noch in hiel grut hiem by wer ‘t heit krekt in ko en in hokling op hâlde koe; fierders wie der fêst arbeider by Gerlof Hoekstra op Feanhúzen. Yn datselde jier hat heit it hûs ferkocht oan ‘e Boerelienbank dy ‘t krekt oprjochte wie en ferlet hie fan in fêst hûs foar de kassier; myn heit kocht doe in lyts boerespultsje wer yn Aldegea. Op it grutte hiem hat Hindrik Kielstra letter noch twa wenten boud: in winkelhûs foar Bartele Feenstra en syn frou Dietsje (dy dreau der in huodsjewinkel) en in boargerhûs foar mefrou Aafke Bies en har jongste dochter Ankje.

Dizze Aafke kaam út in skippersfamylje en sadwaande kaam se ek faak op ‘e wâl.

Op in kear is se útgliden of by de gongbarte del stapt, mar se is tusken wâl en skip ferdronken en Ankje bleau as weeske achter. "Linquenda", hie op it hûs stien, it hie noch nea sa tapaslik west.

Even fierder, rjochts fan ‘e wei, stie noch in leaf âld hûske, der wenne Sjoerd Teijema, letter syn soan Gauke Teijema. At dat deselde Sjoerd Teijema wie dy ‘t faak sei "myn each is myn rij" (mjitstok) dat wit ik net. Wol wit ik dat it de oerpake wie fan bakker Teijema (boekje 1 nr. 34 noch krekt te sjen).

Skean foaroer boude Douwe bakker in bakkerij, wer ‘t Paulus Teijema, ek in soan fan Sjoerd, dy ‘t troude mei in dochter fan Douwe, bakker waard. Letter bakker de Jong, wer letter bewenne troch Lammert Kielstra (kraanbedriuw) en no bewenne troch Piet de Jong (molkboer). Foarhinne hat der in âld hûs stien, der hat Marten van der Molen noch yn wenne (Ludolf-Lút is der noch berne), doe Piter de Beer dy ‘t letter de Skeane State yn Earnewarre boude en doe is it letter ôfbrând.

Wer ‘t no timmerbedriuw de Vries is, foarhinne Dirk van der Meer, stie eartiids in âld twa-ûnder-ien-dak went, it stie deun by de wei lâns en der wenne Aldert Hietkamp, hy wie los arbeider en doarpsomropper.

Op Inialoane 73 wert no Frits Veenstra wennet, hawwe jierren lang Willem Westra en Antsje Dykstra wenne. Ien fan de jonges (se wiene allegear net grut ) wie Adolf. Hy meat mar 1.20 - 1.30 meter, mar makke syn paadsje wol skjin. Hy hat in lyts 50 jier sútele mei de bôlekoer foar op ‘e transport fyts, hy koe der krekt oerhinne sjen en krige al gau de namme fan "de lytse bakker". Hy hat yndertiid de bôlen ferkocht foar 10 sinten, dat wie dan wetterbôle en de molkebôle foar 11 sinten, no 0,05 euro sint.

Dan moasten de bakker en de súteler dêr noch oan fertsjinje.

Fierders wiene der noch: flier - tromke - en plaatbôle. Adolf wie in respekteard doarpsfiguer: hy spile akkordeon by de "Wâldklanken", spile altsaksofoan by "Looft den Heer", song bas" by "Zingt Gode Lof" en spile toaniel by "Lytse Krêft".

Hy sette him oeral foar yn; doe’t er as âlderling mei de beker fan it Nachtmiel rûn moast yn ‘e tsjerke, koe er as lyts mantsje noait dy lange rigen oersjen, dat hy sloech samar in rige oer. Doe’t se him der letter op oansprutsen sei er gnyskjende wei: "och hea, hiene jimme noch neat hân!". Adolf hat nea troud west.

Op ‘e Iniaheide krigen we earst it al neamde "Lyts Inia". Nei dat myn pake Taede der in pear jier yn wenne hie hat er it ôfbrutsen (it wie te bot ferfallen) en hat er oan ‘e oare kant fan ‘e wei in pleats boud mei de skuorredoarren nei de dyk. Der wennet no Wibe Slofstra.Iniaheide
Op in hege sânkop der neist hat de wenningbouferiening Tytsjerksteradiel fuort letter trije dûbele wenten boud, saneamde "Wenningstichtingshûzen", om ek gewoane arbeiders yn in bettere behúzing wenje te litten fersjoen fan in grutte lape tún. Om-ende-by 30 jier lyn binne se ôfbrutsen en mei er net wer boud wurde.

Gean we fierder dan komme wy op in histoarysk plak. Fuort rjochts stiet in pleats, yndertiid eigendom fan in Van Keimpema, feanbaas yn Earnewâld. Ik tink dat it stik lân dat "Baggelfean" neamd wurdt noch fan dizze man ôfkomstich is. De earste stien is lein op 9 april 1872 troch Tjitske Gerrits Kooistra. Wa dat west hat is my oan no ta net bekend. It pleatske waard ferhierd oan Oebele Wybrens Herder. It wie de oerpake fan Oebele Herder. Dat wie in kundich man oangeande it ferbouwen fan nôt en ierappels. Hy wie ferneamd om syn wize fan hakjen en syn bêste ierappels. Efterhûs wie in mânsk hôf mei ferskate fruchtbeammen. Oan 1964 ta wie it pleatske noch yn âlde steat mei stookhutte, estrikken flier yn ‘e gong, dikke swarte balken yn ‘e keamer en in okergiel bêdsket. Yn it bûthús 4 hege stâlen, werfan de lêste 30 sintimeter fan hout wie en yn ‘e skuorre in telle fan liem. It is no alhiel ferboud en wennet Cor Wolters der.


Oan de oare kamt fan de dyk stie yndertiid ek in âlde went, der hat eartiids myn oerbeppe wenne fan memme kant. It stie mei de foarein nei it noarden, kreklyk as it hûske achter de tún wert no Siemen Kooistra en Froukje Timmermans wenje.

It earste hûske is ôfbrutsen en is er in nij hûs set oan ‘e dyk. Der ha wenne: Pieter en Hindrikje Herder, Roel Visser, Jehannes Kootstra en no Heine Kootstra.

Yn de wente der achter haw ik kennen : Sytse en Aaf de Vries, Tsjipke en Tryn Geertsma, Tsjeard en Lys Bergsma, letter noch wat frjemd folk en no Siemen en Froukje.

Efkes fierder links, foar de skuorre fan Heine Kootstra stie ek in hiel âlde klinte. Der wenne yn myn bernetiid Gerben Adema, letter Joh. Kootstra en is no ôfbrutsen.

Derneist stie in âld dûbeld hûs, eigen fan de beropsfisker Jac. Abrams Visser, hy ferkocht it yn 1926 oan Jac. Jelmers Slotegraaf, mar yn it selde jier kocht er it wer en yn 1927 waard it kocht troch Jelle Eelkes Algra.

Dy boude der in nij dûbeld hûs: ien kant foar himsels en de oare kant foar syn skoanheit Jouke en Yke Wiersma. Oer de wei wenne Germ de Vries, letter syn soan Sjoerd; is ek ôfbrutsen en mei net wer boud wurde.

Derneist wenne Jan Foppes de Vries, dat is der ek ôf mar Hindrik Kobus mocht op ‘e tún in nij hûs sette, wer ‘t er no ek wennet. Dêr neist wenne Eeltsje Herder, broer fan Oebele mei wol in stik of tsien bern. Hy wie op it lêst sa krûm dat er altyd mei de hân op ‘e knibbel rûn; hy hie ek sa ‘n lytse doar nei syn feestalling dat hy der allinne troch koe, oare minsken moasten suver op ‘e knibbels. Dat is letter ek ôfbrutsen en is er in nije bungalow op set, wer ‘t no in Van der Meulen wennet.

Der tsjinoer hat noch in spultsje stien, der wennen Sipke en Japikje, der hat myn heit it fan kocht doe ‘t er út Aldegea kaam. Nei in brân hat er in nij spultsje sette litten oan dizze kant fan it hiem, wat letter bewenne waard troch Aalzen en Rinus Wagenaar. Sipke en Japikje binne doe ferhúze nei de Inialoane wert no Bouius wennet en wert Pieter Wolters letter in nei hûs setten hat.
In tún fierder dan Eeltsje Herder stie ek in hûs mei de rúten nei de buorren ta, der wenne yn myn bernetiid Gooitsen Elzinga. Syn frou Sijke lei foar it sydrút siik op bêd. Hy wie los arbeider by de famylje Kooistra út Sigerswâld, harren lân lei oan syn hûs ta; ik tink dat hûs en hiem ek fan har wie.
In tún fierder stie noch in âld hûske, skean foar no Jannie Wetterau oer, (karakteristyk Tytsjerksteradiel, side 206) der wennen Piter en Syb Kloosterman; hy wie blyn en hoe ‘t dy troch de tiid kommen binne begryp ik hjoed noch net. Letter wenne der Johannes Postma. Hy waard Johannes Koaning neamd en nei dat se seinen wie er derta yn Eagum kroane. Doe ‘t er stoarn wie is Thomas Spoelstra, dy ‘t doe boade wie, mei him troch de ûnderlegers sakke yn it lytse kelderke. Dit is ek ôfbrutsen en op it plak fan beide hûzen hawwe se no in ticht beamboskje oanlein.

Yn dy tiid wie it in trochgeande wei nei Aldegea en lei der in betonbrêge oer de Sustersweifeart. Foar dy brêge links, in kampe lân (baggelfean) del stie ek in pleatske, eartiids bewenne troch Jelmer Slotegraaf - Geart Benedictus - Ritske Veenstra - Broer Roorda - Klaas Veenstra. Foart der neist hat lang in wenarkje lein der ‘t earst Simon Kootstra yn wenne en letter Germ Adema. Alles is no foart.

Foar de brêge rjochts hat noch in âld hûske stien. Nei dat de trochgeande wei nei Aldegea oanlein waard en ferhege waard fanwege de brêge, koenen jo benei sa fan ‘e wei ôf op it dak stappe; as lyts jonkje haw ik der noch weet fan. Foart derneist stienen de s.n. "Forten". Dat wienen twa grutte stienen gebouwen (ien stiet er net mear) lang ferlyn der delset foar it útskot fan ‘e mienskip. Die moasten sa fier mooglik oan ‘e râne fan ‘e gemeente ferballe wurde.
Sa ‘n fort bestie dus út fjouwer hoeken en yn elke hoeke bivakkearre in húshâlding, ôfsket mei baalsekken. It oerbleaune fort is letter ferboud ta twa wenten, no wennet er mar ien mear en dy hat er hiel wat moais fan makke. Ik haw fan oerlevering dat eartiids folle mear hûskes stien hawwe, mar troch de tiid en de Wâldwei is alles ferrinnewearre.

Werom yn it doarp slaan we earst noch in smel paadsje yn tusken Hâns de Haan en pianohannel Marinus. Wer ‘t no Atze en Adrie van der Zee wenje stie eartiids in âld hûs, der wenne Jan Engberts de Haan. Dy wie faak warber mei de grutte tarpot en grint op ‘e dyk en by ‘t winter op ‘e trijehoek om de measte snie fan ‘e dyk te skowen en sa in gongber paad te meitsjen. Op it stee fan Theo Hoogsteen hie Cornelis Wagenaar yndertiid syn timmerbedriuw foardat er nei de Loane ferhúze.

Wy geane de Loane wer del en komme lyk foar Syb Bylsma syn wenhûs te stean. Eartiids wie it in smidderij (boekje 1 nr. 30). Der stie de kreamkeamer fan ús famylje Smedes. Harmen Ottes, berne yn 1706 en troud yn 1737 wie smid yn Sumar, syn soan Foppe Harmens, smidsfeint yn Aldegea, keapet de smidderij yn 1767 en troud yn 1770. Hy keapet it fan Atze Gaikema, Mr. Smid te Garyp foar 900 carolie guldens, te betalen in "silveren en klinkende munte". De húzing, smidswinkel, skuorre, hiem en beammen is begrinze fan Folkert Hedzers oan ‘e eastkant, de wei op it súden, Sake Feitzes oan ‘e westkant en de heer sekretaris Glinstra "even ten Noorden". Syn soan Anne Foppes Smedes, berne yn 1782 folget him op.

Dy syn soan Oebele Annes Smedes, berne yn 1821 en troud yn 1849 mei Bontsje Taedes Riemersma naam doe de saak oer. Omdat syn soan Taede (myn pake) de saak net oernimme woe, en syn oare beide soannen Willem en Harmen skippers wienen, waard de saak ferkocht.

De smidte hat doe wol in kear as fjouwer yn oare hannen west, oan ‘t er op 1-1-1906 in smid út Heeg kaam, dy ‘t graach wer nei de wâlden woe: Jan Piters Smedes, troud mei Geeske van Zwol op 10-05-1902, bliek letter in achter- achter neef fan Oebele te wêzen, mar net ien dy ‘t der doe weet fan hie.

Jan waard opfolge troch syn soan Piter Smedes. Pakesizzer Jan Smedes hat de smidderij ferpleatst nei de Lytse Buorren, mar dy hoefde gjin hynders mear te beslaan, want it trekker tiidrek wie oanbrutsen. Jochum G. de Haan hat der in timmerbedriuw del set; letter is it hûs by de krúdenierswinkel lutsen: earst bewenne troch Bart Hengst en letter troch Syb Bylsma. De timmerwinkel is no eigendom fan Ewoud Spoelstra.

Lytse Buorren
Fuort links is no de Sinneblom fan Wybe en Griet Koopmans, mar foarhinne wenne der Watze Plantinga de karrider, dernei Hâns Stelwagen, dy hie in timmersaak.
Dan kaam it âlde lytse winkeltsje fan Sybren en Lokke de Haan, no ek fan ‘e Sinneblom. Wer ‘t Gerrit Pander wennet hie Jan Tsjidgers van der Wal in weinmakkerij, wyls ‘t syn heit Tsjidger in winkel hie yn it pân no Ate Kooistra, foarhinne Ritske Nicolai - Harm Dykstra - Berend Staphorsius - Einte en Akke Talstra (boekje 2 nr. 7). Der tsjinoer wie de lapkewinkel fan Douwe Feddema, letter Ritske Nicolai de kapper. Feddema wie ien fan ‘e earsten dy ‘t mei in auto by de streek gong, it reserve tsjil der achter op.

Fierder links wenne Lubbert van der Laan, dy wie smid fan berop mar krige in grutte namme yn it meitsjen en pleatsen fan wynmûnen, no wennet Richard van Lunzen der.
Wy komme no by it terrein fan foarhinne firma Smedes Mechanisatie. Eartiids wenne der Eelke Douwes Algra, de pake fan Jouke Algra, dy hie der in timmersaak en letter syn skoansoan Piter Klaver, mar troch dat er sa ‘n toast hie koe er it net foarinoar hâlde en ferkocht it oan Hindrik Kielstra, opfolge troch syn soan Hessel.
De Gemeente hat úteinlik foarinoar krigen dat firma Smedes ferhuze is nei Sumar, omdat it op it lêst in grutte oerlêst joech op ‘e Lytse Buorren.

Yn it hûs fan Foppe en Riemkje van Dellen hie Jelke Romkes Wymenga in grientesaak, ek hat Jan van der Wal der wenne en Triemstra, de blommist en Wybren S. Hoekstra, neidat syn pleats yn ‘e Westerein ôfbrând wie. Dan kaam er in hûs dat yn twaen bewenne waard. (sjoch album fan Tytsjerksteradiel side 75 links, ien hûs fierder mei it lytse rútsje beppe Tryntsje; ek side 74). Alde Tryntsje wenne der yndertiid, sy wie bekend as bolkoerrinster (boekje 1 nr. 28). It wie de beppe fan Trienke de Vries fan Inialoane 1 b. Trienke hat er noch mei har mem Geertje (Gjetsje) wenne en ek Oebele en Alie Smedes wennen der. Wer ‘t de famylje Noordmans in nij hûs hat hie Lubbert van der Laan in smidderij (boekje 1 nr. 4 en 12).

Oan de oarekant de wei stie in buorkerij anneks winkel fan de famylje Mug. Letter bakkerij Haalstra, doe Atze en letter Jan van der Zee. De firma Kobus hat it doe kocht en letter ferhierd oan printerij Van der Let, it stiet no wer te keap. Hjir lyk tsjinoer moat de famylje Mug yndertiid in grut appelhôf hân hawwe. Neidat er earst in slachterij boud is, wer ‘t ik allinne Renze van der Wal kend haw, bouden de Mugjes sa at se neamd waarden in nij hûs neist de slachterij mei in winkel, want dat hienen se altyd hân. De dames Mug, net troud en dus wezen; ien wie Herfoarme en de oare Grifformeard (fan wege de klandyzje?). Doe ‘t ien fan ‘e dames yn ‘e kelder fallen wie hat de iene dûmny nei de oare skille: weet jij wel dat jou mug in de kelder gekukeld is?
Even fierder as de bakkerij stie it brânspuit hokje, it stiet er noch. Der stie yndertiid de brânspuit yn op twa tsjillen en moast troch twa man betsjinne wurde. At se by de brân kamen kaam er neffens no ek noch mar in migerich straaltsje út en moasten har beheine mei neidwêsten omdat it gefal dan meastal plat lei (boekje 2 nr. 6).

Wer fierder stie de buorkerij fan ‘e famylje Hoogstins en der neist de kosterswent fan eartiids Wierd Postma (ik mien dat er sa hiet). Letter yn gebrûk as konsistoarje en kategisaasje lokaal. Ek hat er noch in toskedokter syn praktyk hân. Alles is ôfbrutsen en is it gebou “Jefte” der foar yn it plak kommen, mei letter in opbierkeamer, Aula neamd.

Tsjerkepaed
Foart rjochts wie eartiids de skoalle. Ik tink dat de master der ek wenne hat en dan mei-ien ek kloklieder en foarsjonger wie. Tsjerke en skoalle wie doe ien en ek waard alle doarpsnijs fanôf de preekstoel foar lêzen. Dy ‘t wat wite woe moast wol nei tsjerke. Learplicht wie er net mar de lju woenen yn dy tiid wol dat de bern wat by brocht waard. Mar at er thús wurk wie kamen de bern net op skoalle. Yn myn bernetiid wenne der Popke Zuidema, dy wie dakdekker, wetterfitter en fytsmakker. Hy waard opfolge troch syn skoansoan Sytse Kobus, de stifter fan no firma Kobus.

Doe ‘t de learplicht kaam is er fan Staatswege in skoalle boud mei in masters hûs. Yn myn berne jierren wie dat master Van der Bij (boekje 1 nr. 9, der stiet dat er yn 1932 opheven is omdat er te min learlingen kamen, mar ik tink dat it in pear jier letter west hat). Nei dat Kornelis Herder it as pakhús brûkt hie, hat de C.B.T.B. it noch in skoft brûkt as húshâldskoalle. Ek is it brûkt as oefenrûmte foar it muzykkorps en doe waard it in (kleuter)skoalle. It is doe ôfbrutsen en hat Lieuwe de Jong er in nij hûs opset.

Oan ‘e westkant fan Lieuwe stie in dûbeld hûs, oan ‘e iene side wenne Sytse de Vries (weiwurker) en oan ‘e oare side syn dochter Pytsje mei Aldert van der Molen. Hjir hat it postkantoar ek noch jierren west (Petrus en Pyt) en is letter ferhúze nei Rienk van der Berg dy’t op “Trije Herne Wier“ wenne der skean foar oer (no Jac. Hellinga).

Dêrneist, yn it hûs fan no Jan Kobus, hie Marten van der Molen in grientewinkel (boekje 1 nr. 10) en der wer neist hie Oebele van der Veer in boadskip winkel. Syn frou Hiltsje die de winkel, Oebele sels wie smidsfeint by Jan Smedes. Der wennet no Van der Bij.

Wer ‘t no Freark Boomsma wennet, sette Hindrik van der Veen, dy ‘t wy noch kenne fan ‘e Greate Buorren East, in lief rinteniershûs. Ik neam dizze man omdat it de grûnlizzer wie fan it grutste transportbedriuw yn ús doarp n.l. firma Van der Veen yn ‘e Westerein. Sûnt wannear at er der mei útein set is wit ik op it stuit net mar yn 1924 hie er al in stoomboat, wer ‘t er mei ferskate ferieningen te plezierfarren gong. Elke âld Gariper sil him de “Burgemeester” noch wol yn it sin bringe kenne (boekje 1 nr. 38). Hy die meast yn ‘e mande mei Klaas Gorter (dy syn soan Willem hie letter sels in boat) en fearen freeds nei de Ljouwerter feemerk mei alderhande fee, fakentiids mei in grutte pream achter de boat. Ek farden de keaplju mei en lju dy ‘t om ien of oare reden yn ‘e stêd wêze moasten. Foaral yn ‘e oarlochsdagen 1940 - 1945 wie dy boat in útkomst. Soan Marten van der Veen en Hylke Gorter wiene wilens mei in fee-auto útein set om it fee by de boeren wei te heljen en se rieden tiisdeis nei Snits, meast mei hinnen en nochteren keallen. Doe ‘t er stadichoan mear feeriders kamen tocht Hindrik van der Veen jr., soan fan Marten oan it sprekwurd “vele varkens maken de spoeling dun” en fersette de bakens. Hy sette in transportbedriuw op, as it koe mei hinne en werom fracht, wat no útdeit is ta in grut bedriuw ûnder de besilende lieding fan soan Marten en dochter Anneke mei skoansoan Kees Wagenaar.

Westerein
Fuort links stiet no in nije pastorij foar de doe Herfoarme Dûmny; in grutte bungalow yn stee fan de âlde (boekje 1 nr. 3 en album fan Tytsjerksteradiel side 75). Wa ‘t de dûmny’s west hawwe stiet op in grut boerd yn ‘e Petrus tsjerke.

Yn dit ferbân wol ik ek graach ferwize nei de stúdzje dy ‘t Kornelis (Kees) Blom makke hat oangeande de Petrus tsjerke, mei oanheakke in artikel út ‘e Ljouwerter krante fan S.J. van der Molen oer Sigerswâld.

Oan de oare kant fan ‘e wei, op it eardere lân fan Auke pypke is in nije húshâldskoalle boud troch de C.B.T.B., yn ‘t plak fan de skoalle op it Tsjerkepaed. Famkes út ‘e wide omkriten wei hawwe hjir les hân. Is no net mear as sadanich yn gebrûk en wurdt no brûkt as wenromte. Wer ‘t Klaas Jansma wennet, op it Heechhiem, haw ik altyd sjoen as in histoarysk plak. Neffens de muorre-izers is it boud yn 1771 mei in stookhutte. Ik haw it noch yn syn âlde steat kend mei 4 bêdstees tsjininoar oan en der in grutte kelder ûnder. Ik ken it net hurd meitsje mar ik tink dat er foar 1771 ek al in ferneamd man wenne hat. Op ‘e Stinswei, it eardere Suwâldster paad, wennen foarhinne Auke en Hijltsje van der Vliet (boekje 2 nr. 37). Harren soan Willem liet er letter in lytse bungalow bouwe. It stee is letter kocht troch Kees en Anneke Wagenaar en stiet er in riant hûs.

By it begjin fan de Stinswei, likernôch op ‘e punt wenne Jacob Hoogstins, dy hie in hûs mei in feestalling, wêr’t letter Hillebrand Jochums Veenje noch buorke hat. Ofbrutsen. Hjir fuort achter op it hiem fan Joh. Hoekstra stie in arbeidershûs, eartiids noch bewenne troch Jan Taedes Smedes en letter Sjoerd Foppes de Vries, ek ôfbrutsen. Links fan ‘e wei, presys yn ‘e bocht en likernôch op it hiem fan no Harm Timmermans, stie in âld hûs, hat bewenne west troch Tiede Bavius - Lolke Wytsma - Melle Haarsma en syn suster - Gjildert en Antsje van Dellen, is ek fuort.

Kees Wartena hat in nij hûs bouwe litten op it hiem fan ‘e pleats wer ‘t syn heit en hysels op buorke hawwe. De pleats is ôfbrutsen. Der neist stie ek in pleats wer ‘t yndertiid Oebele de Vries buorke en letter Wybren Symens Hoekstra en is doe ôfbrând. Letter is er noch in wenstee op boud wer ‘t Zuidema yn wenne hat, dy wenne foarhinne yn in skip op ‘e Stoeken. Alde frou Wartena hat er doe mei soan Berend noch jierren yn wenne. Underwilens binne der wer oare bewenners.

Foardat de Wâldwei en it fiadukt oanlein waard stie oan de oare kant fan it paad nei it sker in komelkerspultsje, der wenne yn ‘t foarige in Zandberg yn en letter Theun Hoekstra (hat ek noch konsjerzje fan de húshâldskoalle west). Dat moat jierren lyn ek in herberch west hawwe, Teade Douma hat de tapkast dy’t er yn stie noch kinnen.

By it lêzen fan “Wandelinge door een gedeelte van Friesland” soe men hast tinke kinne dat de man fanôf Suwâld it Suwâldster paad del hjir by dizze herberch oankaam en fierder it Skerpaad lâns, rjochting Jan Romkes gie. It soe net ûnmooglik wêze, mar ik ha Hoekstra net rinnen sjoen. Der wer neist stie de buorkerij fan Jan Rienks Benedictus, letter syn omkesizzer Rienk Geerts Benedictus, is doe nei de Stoeken ferhuze. Mei it oanlizzen fan ‘e Wâldwei binne se beide ferdwûn. Ek stie der achter, in kamp lân del , noch in komelkerspultsje der ‘t Douwe Steenbeek wenne. Dat wie in redenryk man dy ‘t him foaral warde foar de lytse boer.

Earnewarre
Yn it fernijde fjirde hûs rjochts wenne yndertiid Bareld van der Sluis (molkrider) - Gjildert van Dellen - Sieberen Stoker (molkrider) - Ale Stoker - no J. Homma. It lêste spultsje foar it brechje hawwe sûnt myn heugenis Geale en Gjetsje Stoker wenne (kar. Tytsj.diel 1993 side 198 en 1983 side 193). Ferline jier hat pakesizzer Gerrit Landheer der in nij hûs opset.
Jierren oanien hat er neist dit boerespultsje in gemeentelike dwinger west, wer ‘t alle ôffal nei ‘t ik mien út hiel Tytsjerksteradiel op in bult brocht waard. Mar de bult waard nea sa botte heech, want alles sakke moai foart yn ‘e weake feangrûn. Fanwege de miljeu wetjouwing mocht it letter net mear. Hjoed de dei is de bult likernôch wer flak. Singelier is wol dat net tsjinsteande alle smoargens en fergif gjin minske of bist siik woarn is: de kij dronken gewoan út ‘e sleat en Geale Gjetsje is oer de 90 jier wurden. Wurdt it hjoed ek allegear te bot oertrokken? Ha we aansen noch wol genôch natuerlike wjerstân?

Wer ‘t eartiids Anne Wymenga wenne, yn ‘e Bolderen boud Kloosterman no in nij hûs.
By de Fonejachtsbrêge hawwe se yndertiid yn it ramt fan de ynpoldering twa wenten delset: ien foar brêgewachter en ien foar de dykwachter. Yn it brêgehûs wenne Frans ? de Boer en yn ‘e oare Binne? Hooijenga. Alles is no fuort en stiet er in riante wenning.

Op ‘e Stoeken wol ik noch neame famylje Sake van der Kloet. Dy setten har nei buorkjen midden yn it Stoekfjild; der wie oars net in hûs yn ‘e hiele omkriten. It wienen alhiel gjin wolstelde lju, mar achtenearre lju om harren kloekens, behelpsumens en omtinken oangeande it fee dat de Gariper boeren der yn it lân hienen. It is my foar wier ferteld, dat as frou Van der Kloet yn ‘e kream moast, har eigen man der dan mei rêde.
Oant safier myn tocht troch it doarp. Ik haw my beheine wollen ta hûzen dy ‘t ôfbrutsen binne, as wol hûzen dy ‘t fan belang binne of wienen; ik haw ek minsken neamd dy ‘t in stimpel op it doarp setten, yn wat ferbân dan ek mar. Binne der minsken dy ‘t mear of oare ynformaasje jaan kinne of wolle: Graach.

totop

De feroaringen

Om-ende-by 1900 en der nei feroare der in protte yn ús doarp. Nei dat de trochgeande dyk troch de kûm fan it doarp al ferhurde wie, waarden er mear wegens oanlein. De Brandsmaloane krige in ferhurde wei nei Sumarreheide. De Loane waard trochlutsen nei de Iniaheide, mei in betonbrêge oer de Sustersweifeart, oanslutend op ‘e strjitwei nei Aldegea. Fan ôf de Mounehoek waard de wei ferhurde nei Sigerswâld. Ek kaam der in wei nei Earnewâld, dy ‘t foar de ynpoldering fan 1920 noch net altyd betrouber wie.
Doe ‘t yn 1916 der grien ljocht jûn waard om de Earnewâldster polder oan te lizzen, feroare der noch mear. Ek it wetterskip “de Stoeken” krige permisje. It hat noch in protte strideraasje jûn fan it ien en oar, want net elkenien wie der foar, mar mei mearderheid fan stimmen kaam it dochs safier, en yn 1920 krige alles syn beslach.

De Fonejacht wie trochslatten oan Suwâld ta (de skippen waarden grutter en djipper) en der kaam in houten draaibrêge oer. De wei waard trochlutsen fan ôf de Westerein nei Warten. Ek wie der in ringfeart groeven fan ôf de Headammen oer Earnewâld nei Sumar, en moast er wat Garyp oanbelange der in slûs yn ‘e Skipfeart komme. Piter Hillebrands Veenje waard slûswachter (boekje 2 nr. 28). Der kaam ek noch in brechje yn ‘t ferlingde fan it eardere paad nei de Stoeken, letter it Suwâldster paad, om by it oerset nei Suwâld te kommen. As jonkje bin ik wol mei myn mem oer west; twa froulju hellen de minsken om bar oer; ek doe wie der al in belle. Wat sil dat yn dy tiid in wurk opsmiten hawwe; alles moast meastentiids mei leppe en kroade barre.

De minsken dy’t de stjit namen om it wetterskip “Eernewoude c.a.” op te rjochtsjen wiene: Ds. Offerhaus - J. H. Kooistra - Th. Bylsma - A. Jaarsma - H. H. de Jong - J. Kylstra - J. O. Hoekstra - J. J. Bouma en H. J. Hoekstra. Mar om dit 3405 ha. gebied droech te hâlden moast er fansels al in gemaal komme en dat kaam te stean yn Earnewâld, neist in slûs; de earste stien waard lein troch: G .J. A. Offerhaus, Earnewâld / H. S. Bransdsma, Garyp / Y. O. Hoekstra, Garyp. Ien en oar wurdt wiidweidich beskreun yn “Earnewâld fan doe nei no” fan ‘e hân fan Roel Toering en Douwe Franke. It is drukt by Van der Eems yn Easterein yn 1993, ik wit net as it noch te krijen is, faaks by Doarpsbelang yn Earnewâld.

Sa ‘t ik al neamd haw, der wienen yn Garyp ek boeren dy ‘t er op tsjin wienen, omdat har lân sa heech lei dat se gjin ferlet hienen fan in “ôfmealling”. Der wienen sokke hege stikken by, wer ‘t myn heit fan sei, dat it alle dagen reine moast en sneins in tongerbui, soe der wat op groeie wolle. Tusken 1935 en 1940 hawwe se doe de “opmealling” realisearre. Dy makke it mooglik om ek de hege stikken safolle as it koe fan wetter te foarsjen. By myn witten steane der trije gemalen dy ‘t der foar soargje moasten: op it sker, oan it paad nei Pyt Greidanus en in pear kampen lân foar Wiebe Slofstra oer. Dêr kaam wer wurk út fuort: wiken waarden slatten en sleatten skjin en wider makke.

Ofslúting

Tiden hawwe tiden, en elke tiid hat syn foar en tsjin. Noch net salang ferlyn is der troch de ruilferkaveling en de oanlis fan ‘e Wâldwei hjir gâns feroare. Der is in protte wei wurden mar ek in soad ferbettere. De Fonejachts brêge is no in hege brêge wurden en wurdt faaks aansen noch heger. De Wâldwei hawwe se rjocht op Nyegea ta oan lein, mei in fiadukt yn ‘e dyk nei Earnewâld en in tunnel yn ‘e dyk nei Sigerswâld. De Feantersdyk is oanlein om rjocht út, rjocht oan, yn Earnewâld te kommen. Atereed is no in wei wurden dy ‘t rjocht út nei Aldegea rint, mei in daam yn ‘e Sustersweifeart op it plak wer ‘t eartiids barten oer leinen. De Betonbrêge is fuort en de wei nei de Iniaheide rint no troch op ‘e Tike oan. De Broeksreed rint no as wei troch nei de tunnel. Benei op it selde plak wer ‘t eartiids in skeanpaad (houtsjepaad)wie is de Skepersloane oanlein nei de Boskwei, eartiids de Trambaan. It “voet en kruipad by Pyt de Jong nei Feanhúzen is no Ielke Boonstraloane. It eardere Suwâldster paad is no Stinswei en rint troch it lân mei in bôge achter Garyp lâns nei de Easterein, mei in ôftakking by de Skipfeart del nei it doarp. De Gravinneloane is kommen om it trochgeande ferkear, dat jierren lang troch it doarp moast en dat stees tanaam te geriven en sa it doarp te ûntlêsten.
Oant safier wat ik by eigen witten en wat my oan no ta troch oaren oanrikt is. No mar ôfwachtsje as der mear lju binne dy ‘t my mear fertelle kinne. Ek kin it wêze dat er guon binne dy ‘t sizze : mar Taede dêr bist mis mei , dat siet hiel oars.
Ik hâld my oanrikkemandearre.

Taede H. Smedes.
April 2004.

N.B. Ofbyldingen binne werom te finen yn ‘Garijp in oude aanzichten’ 1 en 2. Fierder ‘Karakteristyk Tytsjerksteradiel’, printinge 1983 en 1993. Sjoch ek it boek: ‘Uit it album van Tietjerksteradeel’..

 

Naschrift redactie 'De Rabbelskûte' : Troch dat dit stikje in pear jier lyn al skreaun is binne guon persoanen út de no-tiid alwer ferhuze of yntusken ferstoarn.

 

(Bron: 'De Rabbelskûte' , dorpskrant van Garyp, 2006-2007)

(Met goedkeuring van T.H.Smedes op de site van Garyp overgenomen - webm. Reinder Herder)

 

totop