Skip to main content

(Bron: Willem v.d.Velde, Garyp - 2014)

"Lutke Inia" in Stins of State?

stee lutke inia

“Lutke Inia” in Stins of State?

It is dit jier 345 jier lyn, dat Dr. P. Inia de earste stien lein hat fan in bouwurk dat stie op de 'hege kamp' tsjinoer de pleats fan Wiebe Sloftstra, Inialoane 82.

Oerbliuwsels
Spitich dat gjin minske ús fertelle kin hoe't dit bouwurk der út sjoen hat. Wat der noch fan oer is binne in pear balken en wat giele stien dêr't de skuorremuorre fan Wiebes pleats mei opmitsele is.
Lokkich dat de tinkstien oangeande it lizzen fan de earste stien beholden is. Dizze stien is werom fûn troch Lammert Atema yn de grêft om it stee dêr't destiids de state stie. Lit dizze tinkstien dan in bytsje skansearre wêze, se is der noch en yn besit fan Wiebren Slofstra.
Op de stien stiet skreaun: "Dr. P. Inia heeft de eerste steen geleit 1669" Dizze pear wurden jowe ús hiel wat ynformaasje. It fertelt ús wa't de stien lein hat en wannear.
Wat ek bestean bleaun is, is in sarkofaach fan likernôch in meter lingte. Sa't it liket bedoeld foar in bern fan om-en-de-by in jier of seis. Ut de gatten yn de boaiem, foar de ôffier fan it lykfocht, meie wy opmeitsje dat de sarkofaach echt is.

Wa wie Dr. Inia?
De letters Dr. foar Inia's namme fertelle ús dat de man studearre hie. Yn de folksmûle waard Doctor Inia dokter neamd. De doarpsbewenners tochten by it wurd doctor oan in minskedokter, in man dy't siken better meitsje koe.
No wol de oerlevering ha dat Inia minsken om him hinne hie dy't krûden foar him sochten. Fan dy krûden waarden drankjes makke en medisinen en hjirmei geriifde Inia minsken dy't net rjocht halich wiene. Guon hiene der baat by.
Inia hat grif nocht hân oan sok wurk en de wittenskip fan plantkunde brûkt njonken syn wurkterrein. Hy die dêrmei tagelik goed oan de heidebewenners en ek foar it sykjen fan de krûden waarden de minsken beleanne.
Yn dy tiid neamde men sa'n man in wûnderdokter. Hjoeddedei hawwe wy it oer in homeopaat.

As hy gjin dokter wie, wat wie hy dan?
Pier Wiebrens Inia waard sa om 1630 hinne berne yn Warkum. Hy wie in soan fan Wiebren Wiebrens Inia en Klaaske Piers. Yn 1647 waard Pier studint yn Frentsjer en studearre dêr rjochten. Ien fan de fiif fakulteiten. Miskien hat hy, sjoen it beoefenjen fan de homeopaty, ek noch wol ris in kolleezje genêskunde folge.
It is it jier 1660 as hy doctor en abbekaat wurdt yn Ljouwert. Op fiif novimber 1660 betellet hy seis goudgûnen en keapet dêrmei boargerrjochten foar de stêd Ljouwert. Hy kin him dêr dan ek ta wenjen sette en wurket as abbekaat foar it Hof fan Friesland. Om't hy dan maatskiplik syn plak fûn hat is der tiid foar oare saken en trout Inia yn 1661 mei Hendrikje Schol.

Suster Antie
It is achttjin maaie 1656 as "Antie Wybrensdr. (Antje Wiebrens) huisvrouw van Hierck Beyns (Heerke Berends) op het Heerenveen, de helft van de zate en landen "kleyn Indiën" genaamd, gelegen onder Garijp..." keapet. (archief Nedergerecht Tietjerksteradeel, hypotheekboek 1656)

Fjouwer jier letter op 19 maaie 1660 lient se twahûndert gûne tsjin seis presint rinte oan in widdofrou mei in dochter yn Garyp. Hjirút kin men konklúdearje dat se der aardich waarm yn sit. Nei dizze oankeap nimt Antie de achternamme Inia oan. "Antie Wybrens noemt zich in 1660 "Inia". It liket wol of hat de oankeap fan "kleyn Indiën" har in sosjale status jûn wêrtroch se fûn dat se de namme Inia fierde mocht.

Op njoggen febrewaris 1663 is hja wer keapster fan in 'huizinge, schuur, hiem, bomen en plantagie, cum annexis en verkopers gerechtigheid van eigendom der landen". Wy kinne ús ôffreegje oft dit miskien de oare helte wie. ( Archief Nedergerecht Tietjerksteradeel, hypotheekboek 1663)

gevelsteen

Fiif jier foar dizze oankeap, fyftjin maaie 1658, wie Antie Wybrens (Wibrands) Inia boaske mei Heercke Bients Burenstins.
As men dan nei twa datums sjocht, achttjin maaie 1656 de datum fan de earste oankeap en dêrby te boek steand as húsfrou fan Hierck Beyns (Heercke Bients) en fyftjin maaie 1658 de dei fan boaskjen, dan mei men tinke dat hja al twa jier mei inoar libbe hawwe. Of soks gebrûklik wie yn dy tiid bliuwt in fraach.

Op de tinkstien stiet it jiertal 1669, it jier wêryn't Dr. P. Inia de earste stien lein hat. Mar…Antie wie foar 1669 al eigennaresse fan "Lutke Inia".
Undersyk hat oplevere dat der yn 1664 wat spile hat tusken dr. Pierius en Antie Wybrens Inia. Grif is der skeel west oer it erfskip, mar dúdlikens dêroer is der net. Der is in relaasje tusken beide persoanen, mei grutte wierskynlikens binne it broer en suster west. (R.S.Roarda)
Hoe't Pierius eigner wurden is fan "Lutke Inia" is in riedsel. Mar dat dizze twa minsken spul hân hawwe is wis.
Soks kin opmakke wurde út it autorisaesjeboek Ljouwert 1658: "Antie Wybrens Inia dgt frou fan Heercke Beijnts Buironsteijn contra dr. Pierius Inija abbekaad 23-2-1664."
Fiif jier letter wurdt de earste stien lein en dan grif fan it nije "Inia State". Wierskynlik wie it âlde spul dat Antie oankocht hie doe al ôfbrutsen. Antie is yn augustus 1678 ferstoarn, yn de âldens fan fjouwer en sechtich jier en widdo fan Heercke Bients Burenstins. Se leit begroeven yn it grêf fan har âlders yn Warkum. Har bertejier wie 1614.

Werom by Pierius
Dat Pierius njonken syn ‘dokter’ en abbekaat wêzen ek noch buorke stiet nearne beskreaun. As soks sa wie dan hie der grif wol sprake west fan in feestalling.
Mar op seis april yn 1679 lêze wy dat: “dr. Pierius Inia, advocaat voor het Hof van Friesland, wonende te Leeuwarden, koper van 4 mad maden, gelegen in de Stoeken (“de Stuycken”)” is. (Archief Nedergerecht Tietjerksteradeel, hypotheekboek 1679)

In ‘mad’ wie destiids in oerflaktemjitte. Dizze mjitte waard meast brûk foar healân.
In ‘mad’, in ‘mansmad’ of ‘dagmad’ wie nammentlik safolle as ien man op in dei
meane koe.
Men kin jin ôffreegje, hie Pierius dan dochs buorkerij of wie soks jildbelizzing?

Yn boppeneamd argyf komme wy noch wat tsjin.
12 oktober 1670:
“Maria van Hogenhuysen, huisvrouw van Marcus Jacobs van Roocke, verklaart f. 200
tegen 5% rente schuldig te zijn aan dr. Pierius Inia, advocaat voor het Hof van
Friesland, en Hendriëtte Scholl, el. te Leeuwarden; onderpand: de goederen, geërfd van wln. broeder Jacob van Hogenhuysen en de kooppenningen, zullende mei 1671 verschijnen.”
Hie dit te krijen mei jild op rinte sette of wiene dit proseskosten yn ferbân mei erfjen?

Hoelang de Inia's (Pierius) op de Garyperheide wenne hawwe is net nei te gean. Mar al gau komt de fraach by jin boppe: Hawwe hja dêr wol wenne?
Yn dy tiid wiene der gjin moai oanleine wegen. De haadwegen wiene ferhurde mar it measte wiene sânpaden en reden. By't hjerst en yn de winter wie it gjin maklik reizgjen foar de man. Alle dagen mei it hynder of mei in koets op en del nei Ljouwert sil net bard wêze. Yn alle stikken stiet dan ek dat hy wenne yn Ljouwert. "Lutke Inia" hat grif jildbelizzing west.
Syn suster hie it al earder sa dien, dy wennen op it "Heerenveen", it plak foar begoedigde boargers.

Der is noch in reden om oan te nimmen dat de Inia's net yn Garyp wenne ha. Wy meie oannimme dat, sjoen de teksten dy't op de grêfstien fan syn âlders steane, hja út in kristlik laach kamen. As hja soks sels ek praktisearre hawwe dan hiene hja grif lidmaat west fan de tsjerke yn Garyp.
Yn de D.T.B., doop-, trou- en begrafenisboeken, komme har nammen net foar. Ek gjin nammen fan neiteam. Wierskynlik is it geslacht útstoarn.

Oanslach?
Ut de oantekeningen fan de al earder neamde R.S.Roarda docht bliken dat de faam fan Pierius besocht hat him te fergiftigjen. De faam hie rattefergif troch it opwaarme bier mongen en sa besocht se Pierius te fermoardzjen. No wie it drinken fan waarm bier yn dy tiid gjin útsûndering. Wy witte dat de minsken it destiids wend wiene benamme by't hjerst en by't winter. De faam slagge net yn har opset, mar Pierius syn frou hat dit alles net oerlibbe.
Ut de criminele sentensjes blykt dat dit bard is op 3 juny 1682. Men kin jin ôffreegje wêrom de faam soks dien hat? Is der wat bard wêrtroch't hja in reden hie soks te dwaan? Wie Pierius sa'n minnen ien?

Yn de offisjele stikken stiet skreaun dat sawol Henriëtte Scholl as Pierius Inia yn Ljouwert te hôf brocht binne (1690).

Alde kaart
Op in kaart fan Schotanus út 1718 stiet "Lutke Inia" yntekene. Dêrút kinne wy opmeitsje dat it in fernaam stee wie. Yn dat jier wie alles al in heale ieuw âld.
Ut oerlevering docht bliken dat der in grutte keamer wie mei in hoekspine, fanôf de lambrisearring oant amper de soudering ta. It hoekspine waard ôfsletten mei doarkes.

Perioade 1690 oant 1908
Nei hokfoar minsken der fanôf 1690 oant 1908 op it stee wennen of eigner fan it stee west, is der gjin ûndersyk dien, om reden dat der net folle oer bekend is.

1908 oant hjoeddei
Oer de jongste skiednis is mear bekend.
Op 17 febrewaris 1908 freget Teade Obele Smeedes, "koemelker / landbouwer" yn Garyp in fergunning oan foar "op te richten een gebouw met woonbestemming te Garijp, op het perceel ten kadaster bekend gemeente Bergum, sectie C, no 413."
It wurk is oanbestege oan B. J. Gros yn Garyp, "die als bouwmeester met de uitvoering is belast."
Op 24 febrewaris 1908 wurdt de fergunning mei bouplan troch B. en W. ferliend. Wy kinne oannimme dat Smeedes oant maaie 1933 op Inialoane 82 wennet hat.

inialoane 82

Fanôf 12 maaie 1933 oant 9 jannewaris 1941 waard it stee bewenne troch Gerrit G. Adema. Nei it ferstjerren fan Gerrit bleau syn widdo Antje de Graaf dêr noch oant 25 maart 1942 ta wenjen.
Fanôf dy datum oant 18 augustus 1955 wie Linze Adema eigner fan it spul. Dizze lêste datum is grif net goed want der wurdt yn de stikken ek skreaun dat Lammert en Gelske Slofstra op it stee tahâlden (17-05-1955).
Yn 1977 giet Lammert in maatskip oan mei syn soan Wiebe en yn oktober 1983 trout Wiebe mei Jeltje Spriensma en hja binne hjoeddedei de bewenners (2014).

Fierdere bysûnderheden
Hielke van der Meer Inialoane 87, by de Sustersfeart, wist de Slofstra's te fertellen dat der mitselstiennen fan "Lutke Inia" brûkt binne foar it opmitselen fan de muorren fan harren skuorre. Mar der waard ek praat oer oare 'weardefolle stikken'.
Doe't Hielke ridlik gau by Lammert en Gelske op bisite kaam waard der fansels praat oer de bou en hoe't it der destiids hinne lei.
Om't Hielke ek wol by Linze kaam wist hy dat der in tinkstien wie en in sarkofaach.
Doe't dat yn it petear mei Lammert en Gelske op it aljemint kaam wisten dy twa net fan it bestean. It spul wie der net.
En mei it spul doelde Hielke op de tinkstien en de sarkofaach. Hielke konkludearre dat dizze beide dingen troch Linze ferkocht wêze soene oan Lammert Atema en soks soe dan bard west haw krekt foar 1955.
Lammert Atema wenne destiids op de Tuije, hy wie boukundige en wurke yn Ljouwert. Om't de oerlevering fertelt dat Lammert stien en sarkofaach yn de grêft fûn hie, kin it wêze dat hy fanwege de histoaryske wearde de stikken mei doel fan Linze kocht hat. Hy koe se him net samar ta-eigenje want hy hie se fûn op Linze syn gerjochtigheid en soks soe nea stil bliuwe.
Atema hat goed op it spul past, want nei syn ferstjerren is de stien, yn opdracht fan him werom brocht nei de Slofstra's. De sarkofaach hat in oantal jierren op it tsjerkhôf lein. Men miende dat sa'n ding dêr hearde, mar soks fertutearzet op sa'n plak. Doe't de tsjerkfâdij ta dat ynsjoch kaam is de sarkofaach, yn brûklien, oerbrocht nei it streekmuseum yn Burgum.

sarcofaag

Stins of state?
Yn de skiednis oer Garyp en omstreken stiet beskreaun dat der yn Garyp fjirtjin stinsen stien ha. Tsien dêrfan mei nammen en fjouwer sûnder.
Opfallend is dat "Lutke Inia" yn dit rychje net neamd stiet, dochs is de namme 'neilitten' oan de Inialoane.
Hjiroer stiet it folgjende yn it argyf fan de gemeente Tietjerksteradiel: "Inialoane genoemd naar de vroegere "Stins Inia State". 20 oktober 1954, punt 4 no. 5174.
Hjir wurdt dus de status fan in stins jûn oan it bouwurk fan eartiids. Mar is dy status terjocht jûn?
It midsieuske Fryslân telde mear as fiifhûndert 'stinsen', stiennen hûzen dy't te ferdigenjen wiene.
Dizze bouwurken kamen foar sawol op it platte lân as yn de stêd. Elke adelike famylje moast eins wol ien ienfâldig 'stienhûs' haw om har te ferdigenje kennen tsjin in fijân.
Hoewol't it boukundich om beskieden bouwurken gie, wiene it stipepunten foar de Fryske adel om har macht oer de saneamde 'hoofdelingen' te behâlden.

Mei dizze wiitenskip kin men jin de fraach stelle oft de status dy't men yn de stikken fan it gemeente-argyf jûn hat oan it bouwurk 'Lutke Inia", wol terjocht is.
Miskien soe it better wêze dat oan 'Lutke Inia" de status fan state taskreaun wurdt en it kin bêst sa weze dat sate noch better is.
Betsjutting fan de wurden:
Sate: foarname boerepleats;
State: adelik foarnaam hûs;
Stins: fersterke adellike wente, boarch, kastiel, slot, stienhûs.

Dizze nijsgirrige saken oer "Inia state" binne opskreaun mei behelp fan oanrikkingen fan:
Gemeente-archivaris Schelte de Beer;
tsjerkfâd Corrie Bakker;
doarpsbewenners Kees Blom en Wiebe Slofstra fan Garyp.

Optekene troch Willem van der Velde, Inialoane 57a yn Garyp.
Foto's makke troch Willem van der Velde.

Redigearre troch Sipke van der Velde, Eslawâld 18 yn Feanwâlden.

Oktober 2014